Jan de Groot fan Minnertsgea krijt nije heup: "Prachtich, wat fyn ik dit moai"

10 feb 2021 - 13:50

Jan de Groot (81) út Minnertsgea krijt tongersdei in nije heup. Ferline wike die er by ús syn ferhaal oer de pine dy't er hat, no't er al moannen wachtet op in nije heup. No wurdt er dus lang om let holpen.

Foto: Omrop Fryslân

"Prachtich, prachtich, wat fyn ik dit moai." De Groot hâldt net op te sizzen, hoe bliid oft er is. It MCL yn Ljouwert hie de oare deis fuort belle dat der plak foar him wie. Neffens De Groot hiene se yn de Omrop-reportaazje sjoen hoe grut oft syn pine wie en dat wie reden genôch om him sa gau mooglik te helpen. It sikehûs hat in enoarme wachtlist. Tûzenen minsken wachtsje op in operaasje.

De Groot seit dat er miskien wol wat te beskieden west hat oer hoe grut oft de pine wie, alle kearen dat er belle om te freegjen oft er al in datum wie. "Mar je wolle net seure, no." Húsdokter Pijman kaam fuortendaliks doe't frou De Groot ferline wike belle om te sizzen dat it rinnen net mear woe. "Patiënt heeft mij nooit laten weten dat de voorgeschreven pijnstillers onvoldoende werkten en dat hij zich steeds slechter kon bewegen, anders had ik natuurlijk eerder actie ondernomen", seit Pijman.

Op tiid oan de bel lûke

De húsdokter seit mei klam dat it belangryk is om op tiid oan de bel te lûken. Dat minsken net omrinne moatte mei pine of klachten. "Dat zeggen we steeds, zeker in coronatijd, anders worden echt belangrijke diagnoses te laat gesteld."

Yntusken faget buorman de snie fan it hiem en kin De Groot net wachtsje oant tongersdei. It iennige dat telt foar him, is dat er holpen wurde kin. Hy hat in soad reaksjes krigen op syn ferhaal en dat docht him goed. Hiel goed. Ja, De Groot is der hielendal klear foar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)