FIDEO: Gjin tocht, wol stoarm: Wieling, Brok en Buma oer de Alvestêdetocht-diskusje

10 feb 2021 - 14:00

It like yn Den Haag de ôfrûne dagen mear oer de Alvestêdekoarts te gean as oer corona. Wylst it foech oer it hâlden fan de tocht dêr hielendal net leit. Trije hearen fan kwizekwânsje wienen woansdei te gast yn it radioprogramma De middei fan Fryslân: foarsitter Wiebe Wieling fan Vereniging De Friesche Elf Steden, kommissaris fan de Kening Arno Brok en foarsitter Sybrand Buma fan Veiligheidsregio Fryslân. Wat is der oer harren hinne kaam, doe't se de ôfrûne dagen (foar de safolste kear) oan hiel Nederlân dúdlik meitsje moasten dat de Alvestêdetocht net trochgean kin? Presintator Eric Ennema prate dêroer mei harren. Besjoch it petear werom:

Brok, Buma en Wieling oer de Alvestêde-diskusje

(Advertinsje)
(Advertinsje)