Sels hierferve ophelje by de kapper mei tenei, wol bûtendoar stean bliuwe

10 feb 2021 - 13:07

"It is in lytse stap. Wy wolle fansels wer hielendal iepen. Dat kin foarearst net en dus binne we bliid mei wat we no krije." Eigener Clara van der Meer fan in kapsalon op De Gordyk is bliid sy wer wat mear romte kriget, no't net-essinsjele winkels de doar yn it kier sette meie foar it opheljen fan bestellingen. Sa kinne by de kappers hierferve en oare hierprodukten oan de doar ôfhelle wurde.

Kapsalon Avenue De Gordyk - Foto: Kees van der Meer

Hjirfoar koene klanten ek al bestellingen dwaan. Dy mochten net ophelle wurde, mar waarden dan troch de kappers sels delbrocht. No mei by de saak ôfhelje ek. De klanten moatte wol bûtendoar bliuwe. Van der Meer: "We meie se der net yn litte."

Earste Help By Knippen

Van der Meer har kapsalon Avenue op 'e Gordyk docht alle war om yn dizze tiden fan ferplichte sluting kontakt te hâlden mei de klanten. Sa belje se de klanten op en jouwe se ek knipadvys oer de chat. Earste Help by Knippen, neamt Van der Meer it sels. "Gjin coupe, mar byknippe fan ponnys en de nekke. Wy wolle service jaan oan de klanten en tagelyk ek de fleur deryn hâlde."

De kapsters fan Avenue sitte net de hiele tiid dat de salon ticht is, inkeld mar thús. "Salang thús wêze, út it ritme, dat falt net ta. Dêrom binne de kapsters om bar in deidiel yn de salon."

It sparpotsje is leech, eins by alle ûndernimmers.

Clara van der Meer, kapsalon Avenue De Gordyk

It is wol heechtiid dat de salons wer iepengean, want it wetter stiet de kappers oan de lippen ta. Van der Meer fynt it "echt hiel slim dat de grutste skea delkomt op de ûndernimmers. En net op ús allegearre. Der binne wol regelingen, mar dy binne lang net genôch. It sparpotsje is leech, eins by alle ûndernimmers."

Clara van der Meer, kapsalon Avenue op 'e Gordyk

(Advertinsje)
(Advertinsje)