Dokter Heleen Lameijer fan MCL Ljouwert yn petear mei minister Hugo de Jonge

MCL-dokter Heleen Lameijer praat woansdeitemiddei live fia Instagram mei minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens. De minister hat har dêr foar útnûge. Lameijer wurket op de ôfdieling spoedeaskjende help (SEH) yn Ljouwert en wol it mei De Jonge ha oer medyske saken yn it algemien, mar ek oer it coronafaksin.
© Omrop Fryslân, Heleen Lameijer
"We gaan vooral spreken over onze patiënten, de patiënten op de spoedeisende hulp. Dat is nog vrij weinig, vind ik, in het nieuws gekomen", seit Lameijer. "Het gaat meestal over de intensive care, wat natuurlijk ook heel belangrijk is. Maar wat wij zien op de spoedeisende hulp, wat de huisartsen zien, is ook heel erg belangrijk."
Op de SEH is it nea saai, seit Lameijer. "Wij zien coronapatiënten, maar ook andere patiënten. Eigenlijk alle acute zorg, wat spoedeisende zorg nodig heeft, dat komt bij ons." Se hopet dat der mei it petear mear omtinken komt foar alle soarch. "Dat er bij het beleid dat gemaakt wordt niet alleen naar de intensive care wordt gekeken, maar naar de volle breedte van de zorg. Dus ook naar de spoedeisende hulp, ook naar de huisartsen en noem maar op."

Persoanlik tintsje

Lameijer is ek benijd hoe't it mei de minister sels giet. "Het is natuurlijk ook niet makkelijk voor hem. Ik denk dat niemand nu graag in zijn schoenen zou willen staan. Hij krijgt ook heel veel kritiek. Dus dat persoonlijke tintje hoop ik er toch ook wel even in te kunnen brengen."
Belangstellenden kinne om 13.45 oere hinne fia Instagram live it petear tusken Lameijer en De Jonge folgje fia it kanaal fan de minister.
MCL-dokter Heleen Lameijer
Dokter Heleen Lameijer hat foar Omrop Fryslân ek vlogs makke foar de rige 'Berjochten út it hert'. Dy binne werom te sjen op ús dossierpagina.