Cambuur-klupikoan Hampie Bakker (88) ferstoarn

10 feb 2021 - 11:22

Hampie (Johannes) Bakker, klupikoan fan SC Cambuur, is op 88-jierrige leeftiid ferstoarn. Hy wie al in skoftke slim siik. Bakker hat in opmerklike fuotbalkarriêre hân.

Hampie Bakker ferstoarn

Hy wie yn 1964 de fedette fan fuotbalklup VV Leeuwarden. Dy klup gie werom nei de amateurs en SC Cambuur naam it plak oer yn it betelle fuotbal. Opmerklik wie dat Bakker as grutte man fan de ploech net in plak krige yn de nije seleksje fan Cambuur. Dat hie te krijgen mei de robúste spylstyl fan Bakker.

Cambuur-foarsitter fan doe Anne Vondeling wie benaud dat de wize fan spyljen fan Bakker potinsjele sponsors tsjinhâlde soe. Cambuur wie yn petear mei de Coöperatieve Condensfabriek Friesland as sponsor. Bakker bleau by VV Leeuwarden en de 'Condens' hat nea sponsor fan Cambuur west.

Hampie Bakker hat noch in oantal jierren spile by VV Leeuwarden, mar groeide ek út ta klupikoan fan SC Cambuur. Hy waard earelid en hat oant it lêst ta aktyf west as begelieder fan it arbitrale kwartet by thúswedstriden fan de Ljouwerter klup.

Hampie Bakker yn 2019 mei Cambuur-trainers Henk de Jong en Sandor van der Heide - Foto: Orange Pictures

Sportferslachjouwer Geert van Tuinen oer Hampie Bakker

(Advertinsje)
(Advertinsje)