MS Friesland fart net nei Skylge fanwege coronafirus by monteurs

10 feb 2021 - 11:20

Rederij Doeksen brûkt de MS Friesland freed net omdat de werfbeurt fan de boat útrint troch coronabesmettingen by monteurs. De reder set MS Willem Barentsz yn om de passazjiers freed op de line fan en nei Skylge oer te setten. Ek fart de MS Midsland om de kapasiteit foar auto's grutter te meitsjen.

De Midsland - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Neffens Doeksen is it sa'n twa oeren farren foar de boaten oer binne, fanwege de iisgong. It hâldt wol yn dat der it ien en oar feroaret yn de ôffearttiden. Dy ynformaasje is op de webside fan Doeksen te finen. De rederij freget reizgers om begryp foar fertraging, wizigingen en útfal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)