Grutte belangstelling foar ynfojûnen bewenners oer gaswinning by Noardwâlde

Der is safolle belangstelling foar ynformaasje oer gaswinning op de grins fan Fryslân, Drinte en Oerisel dat der net ien mar trije digitale gearkomsten nedich binne om omwenners te ynformearjen. It ministearje fan Ekonomyske Saken hat no twa organisearre, ûnder oare tiisdei. Dy giene oer gaswinning yn de regio Noardwâlde/Wilhelminaoord. Tongersdei komt der noch in ynfojûn by.
Gaswinning by Noardwâlde © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Gaswinning hielendal tsjinhâlde kin net, want dêr giet de polityk oer. Dat waard sein op de ynsprekjûnen, sei Gerard van Wijk fan Wilhelminaoord. Hy is lid fan in groep omwenners dy't harren feriene hat yn de Stichting Gas DrOvF (Drinte, Oerisel, Fryslân). De prinsipiële fraach oft it wol sa ferstannich is yn dit kwetsbere gebiet gas te winnen, wurdt net beäntwurde op de ynfojûnen. Dêrfoar moatte minsken op de ferkiezings fan 17 maart it goede hokje read kleurje. Op de ynfojûnen is wol romte om mei te tinken oer de lokaasjes, oer maatregels tsjin oerlêst en oer skeafergoeding.
De gaswinning yn Grinslan hâldt oer in pear jier op. De enerzjy-oergong is noch net safier dat we fan it gas ôf binne, seit Van Wijk. Yn de lytse gasfjilden wurdt socht nei gas om de besteande konsesjes om te setten yn winning. De stichting Gas DrOvF wol omwenners bystean troch se te ynformearjen oer wat him allegearre ôfspylje kin mei de gaswinning yn harren gebiet.
De stichting giet fierder mei de striid tsjin de gaswinning. Se besjogge no de mooglikheden wat se fierder noch dwaan kinne tsjin de gaswinning, ek mei help fan oare partners. Ast derfan útgiest dat de winning trochgiet, moatst it ek feilich stelle. It is in dreech trajekt, mar ast it net besikest, sil it noait slagje, sa binne de wurden fan Van Wijk.
Gerard van Wijk