Kollum: "Nee"

10 feb 2021 - 08:46

"Wis, ik fertel jim yn dizze kollums faak hoe't wat ûntstien is en wêrom't it ferkeard giet. En ik set wolris in fraachtekentsje by dy ferkearde ôfslaggen. Mar ik bin de lêste wiken wol wat skrokken fan de, lit ik mar foarsichtich sizze, ûnparlemintêre reaksjes dêrop.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Dêr ha ik myn nocht fan, dus ik soe it net ha oer JongFries Aant Soepboer syn ferhalen yn Trouw, LC en Polytburo, weryn't hy him ôfset tsjin de Hollanners dy't hjir wenje wolle. Litte we sizze dat ik it dêr net hielendal mei iens wie. Mar Jantien de Boer weve sneon al mei him ôf, dus ik hoegde net.

Dêr kom ik op werom. Want ik ha ûntdutsen dat Soepboer eins wol wat gelyk hat. Hollanners doge net. As hy se no Frysk leart as se hjir komme, dan lear ik har de Fryske skiednis en hoe't we dêr no mei omgeane. Oarsaak: de Alvestêdetocht. Foar de safolste kear begûnen de bûten Fryslân wenjenden dêr alwer omraak oer te âldehoeren, wylst der noch gjin krom snie-iis yn de sleatten lei.

Begryp my goed. De Alvestêdetocht is net fan ús. Ik wie oait ris op besite yn Ter Aar yn Noard-Hollân by de winner fan 1947, Jan van der Hoorn. Prate dêr mei in soad oare minsken. Dy hienen it ek allegear oer de Alvestêdetocht, as wie it harres. In gefoel. Moai.

Skiednis: de Alvestêdetocht is yn 1909 úteinset om't in hiel soad minsken him yndividueel yn de foargeande jierren riden hiene. Der wie in ploechje Ljouwerters dy't dat foar ien dei opsetten. In toertocht wêrby't de hurdste in krâns krige.

Se lieten dy earste kear in sjoernalist meiride, jonker Feith fan it Amsterdamske Handelsblad. Hy makke winner Minne Hoekstra ta in held. En doe't wrâldkampioen Coen de Koning dêrnei twa kear it hurdste koe, wie de wedstriid in feit. Njonken de toertocht. Want dat wie it wichtichste. Fryslân hat ommers altyd safolle wetter hân dat minsken pas as der iis wie, wer in kear by de bern of neef Jelle yn Ljouwert sjen koenen.

Nei dy earste tocht is de Vereniging de Friesche Elf Steden oprjochte. Dy't in eigen line luts. Se wienen en binne net lid fan it reedridersbûn. De leden binne baas. Earst wiene dat net sa'n soad, nei 1985 mear as 16.000, no rom 30.000. Echt net inkeld Friezen. En se wolle allegear de besteande tradysjes hanthavenje. De Alvestêden is net yn hannen fan sponsors of in telefyzjestjoerder. Ek de oerheid hat neat te sizzen.

Ald-toprider Erben Wennemars is no influencer. Dat fertsjinnet goed blykber. Elke kear as in waarman it hat oer de friesplûm, ropt hy dat dy 30.000 alvestêdeleden dwaan moatte wat hy seit. En om't by de telefyzjepraatprogramma's konkurrinsje wichtiger is as sinfolle programmearring, hat elk dêrnei allegear Hollanners oan tafel dy't sizze dat de wedstriid trochgean moat, byneed op twa sintimeter iis. De tochtriders, prate se net oer.

Rutte holp Wieling noch wat, troch de jûnsklok te ferlingjen, mar likegoed rôpen alle Keamerleden dat de Alvestêden wol trochgean kin. Ik sjoch it al foar my: al dy 20.000 starters oardel meter fan elkoar ôf, dan stiet de lêste by de start yn Dokkum. En foar 21.00 oere fan it iis ôf. En hoe hâlde je oer 199 kilometer it publyk by de wedstriidriders wei. Al dy ûnnoazele politisy ha noch nea in Alvestêdetocht meimakke en litte sjen dat se hielendal neat begripe fan ús provinsje. Der hoege je net op te stimmen, sei Brok juster ek al.

No ja, wer seur ik oer? Se hoege hjir net yn ferkiezingsklean by de Alvestêden te paradearjen. Smotsiis is de earste hindernis. Froast de twadde, as it yn Maastricht tsien graden friest, hjir echt net. En dy topmaratonriders meie yn in bubbel sitten gean, as se nije wike al ride, kinne we sjen dat je yn in pandemy soksoarte dingen net dwaan kinne. It publyk komt ynienen fan alle kanten.

En dochs meitsje ik my elke kear wer lulk oer dat alvestêdegerop fan dy Hollanners. Dat moat ophâlde. En dan bin ik werom by Soepboer. Want ik einigje mei in parafraze op in gedichtsje wat Baukje Westra op Twitter sette:

Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin, traapje we fan ús iis."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)