Freoneploech bout apparteminten foar jongerein boppe doarpskafee Wergea

10 feb 2021 - 06:50

De krapte oan wenningen yn Fryslân hâldt noch wol efkes oan. Neffens prognoazen sitte we pas yn it jier 2044 wer in bytsje yn de plus. Foar starters is it hielendal dreech. In freoneploech yn Wergea komt dêrom sels mei in oplossing. Se kochten in pear jier ferlyn kafee 's Lands Welvaren, dêr't se no apparteminten boppe bouwe. Sa krijt it karakteristike gebou neist kroech en restaurant noch in oare funksje en hat de jeugd dy't op himsels wenje wol ek plak.

Freoneploech bout apparteminten foar doarpsjongerein

De 22-jierrige Warner Mink falt yn de kategory foar wa't de ploech de apparteminten bouwe woe: jongeren dy't graach yn eigen doarp wenjen bliuwe wolle. En dus mei hy as earste yn de twa nije apparteminten, dêr't tsien gadingmakkers foar binne. Foar it twadde appartemint hawwe se lotte.

's Lands Welvaren, it doarpskafee fan Wergea - Foto: Omrop Fryslân

Warner is ferline jier mei syn âlden nei Grou ferhuze, mar woe it leafst op himsels wenje yn it doarp dêr't er grutbrocht is, mei syn maten, it fuotbal, de neisit. Grutsk lit er sjen dat er útsjocht op De Bidler en it sintrum fan Wergea. Hy hat in nije keuken mei ynduksjeplaat, dûs, flierferwaarming. Alles sit deryn.

Hy stiet al in skoft op in wachtlist foar in hierwente, mar dat avesearre net. De fraach is grut. En dêrom wurde der noch fjouwer apparteminten boud. Under oare yn de boppeseal dêr't eartiids hiel wat feesten fierd binne.

Warner Mink - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Hylke Tholen sjocht it al hielendal foar him. Hy is ien fan de tsien dy't de doarpskroech kocht hawwe. Hy fynt it prachtich dat de seal mei al syn ferline in goede bestimming krijt. Alles om it karakteristike gebou te behâlden en op te knappen, sadat der wer libben yn it doarp komt.

Foar it doarp en de jongerein

As se derfan libje moatte soene, dan soe it net út kinne. Elke euro dy't binnenkomt, stekt de freonegroep yn it projekt. En der moatte noch wol tonnen by. De freonen dogge in soad sels.

De groep hat in ynvestearder, de gemeente hat in bydrage dien én de freonen hawwe der sels jild yn stutsen. En nee, it kin noch lang net út. Mar it giet derom dat se wat foar it doarp dwaan wolle.

It is neffens harren belangryk foar de gesellichheid yn it doarp dat it kafee bliuwt en dat jongerein yn it doarp wenjen bliuwe kin. En fansels hawwe se sels ek in soad wille. It giet it ek om it sosjale, de neisit. Ek al is dy der no net fanwege corona. De coronakrisis moat net hiel lang mear duorje, want dat makket it finansjeel swierder.

Hotelkeamers

It bliuwt net by apparteminten. It tsiental wol ek noch twa hotelkeamers meitsje op de boppeste ferdjipping. Hjir en dêr kinst troch it dak hinne sjen. Dat wurdt noch in hiele put. De fergunning is yn alle gefallen binnen.

Der komt in dei dat toeristen hjir sliepe en wekker wurde mei it prachtige útsjoch oer it doarp, sa sketst Hylke. Hy glunderet deroer. Der sit ien foardiel oan corona, der is no yn alle gefallen tiid om oan de slach te kinnen.

Hylke Tholen yn de boppeseal - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Wenningkrapte

Yn Fryslân is noch altyd krapte oan wenhuzen. Der binne op dit stuit goed 5.000 wenten te min. Dy krapte sil noch wol in tiid oanhâlde. Neffens de nijste foarsizzingen feroaret dat pas oer mear as tweintich jier. Yn 2044 sil de provinsje Fryslân foar it earst in (lyts) wenningoerskot hawwe.

Stikstofkrisis

Der is dan wol in stikstofkrisis, dochs waarden yn Fryslân ferline jier mear fergunningen ôfjûn foar de bou fan hierwenten yn opdracht fan oerheden en wenningboukorporaasjes. Yn de grafyk hjirûnder is te sjen hoe't it trochsneedsifer foar trije moannen noch alle jierren heger wurdt. De stikstofkrisis liket dus noch gjin negative ynfloed te hawwen. Hierwenten fan korporaasjes binne krekt it soart wenten dêr't jongeren dy't op harsels wenje wolle, ferlet fan hawwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)