Bestjoer De Friesche Elf Steden bliuwt derby: der komt gjin Alvestêdetocht

De Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden bliuwt derby: der komt dizze winter gjin Alvestêdetocht. It bestjoer fan de feriening hat nei oerlis mei ûnder oare Veiligheidsregio Fryslân en de provinsje opnij befêstige dat it yn ferbân mei de coronamaatregels net mooglik is om in Tocht te organisearjen, ek net as der genôch iis lizze soe.
Reedride © Shutterstock.com
De oankudiging is in werhelling fan it beslút dat de feriening yn novimber al naam. It bestjoer ûndersocht doe wat der wol as net mooglik wie binnen de ferskate, troch de oerheid formulearre risikonivo's en de dêrby hearrende maatregels. Dêrby is ek oerlis fierd mei de provinsje en Veiligheidsregio Fryslân.
It bestjoer hat foar elts ûnderdiel, lykas ynskriuwing, start, útskriuwing, opnij ûndersocht oft in tocht wol mooglik makke wurde koe binnen de oardelmeterregel. Op elts ûnderdiel ôfsûnderlik wiene der oanpassings te betinken, mar yn gearhing is it neffens de feriening net te dwaan.

Druk op sikehûzen

Dêrneist moat der ek noch rekken holden wurde mei oardel meter ôfstân ûnder it publyk. It bestjoer fynt it ûnferantwurde om in evenemint te organisearjen dat hûnderttûzenen minsken by inoar bringt, mei alle gefolgen fan besmetting. Ta beslút soe de Alvestêdetocht sikehûzen en medyske tsjinsten te bot belêste, wylst dy op dit stuit al flink ûnder druk stean.

"Alternatieven geen optie"

"Er zijn aangepaste Elfstedentochten overwogen (alleen wedstrijdschaatsers, geen publiek, minder deelnemers, etc.), maar voor het bestuur zijn deze alternatieven geen optie", sa stiet yn de ferklearring fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden "Een Elfstedentocht is geen echte Elfstedentocht zonder publiek of met slechts een deel van het deelnemersveld."