Fiif besmettings yn wensoarchsintrum Brugchelencamp De Westereen

09 feb 2021 - 21:43

Ut in nije testronde, wêrby't alle bewenners fan wensoarchsintrum Brugchelencamp yn De Westereen test binne, binne trije nije positive tests nei foaren kaam. Foarige wike tongersdei waarden der al twa oare bewenners posityf test, wêrtroch't KwadrantGroep besleat ta it tydlik sluten fan de lokaasje.

Mocht de situaasje bliuwe sa't dy op tiisdei is, dan kin der mei yngong fan tongersdei wer in besiker de pasjint delkomme.

De meiwurkers en bewenners sette har bot yn om sa feilich mooglik te wurkjen, fertelt Aafie de Roos, soarchmanager by Brugchelencamp.. "Tink dan oan persoanlike beskermingsmiddels, mar ek oan in skjinne sône."

Gebak as se wer iepen meie

Tongersdei soe de doar wer iepen meie foar besite as alles sa bliuwt as no. De Roos: "As we wer iepen meie, sille we dat fiere mei gebak. Foar sawol de bewenners as de meiwurkers."

Wêr't de besmettings yn Brugchelencamp krekt wei komme, is foar KwadrantGroep lestich fêst te stellen.

De besmettings yn Brugchelencamp binne net de earste foar KwadrantGroep. Ein jannewaris fan dit jier wie der in útbraak yn 't Suyderhuys yn Surhústerfean, wêrby't der fjirtjin bewenners ferstoarn binne oan de gefolgen fan it firus. Ek yn in oare fêstiging fan de KwadrantGroep, it Haersmahiem yn Bûtenpost, binne in soad besmettingen.

Begjin febrewaris wie der in útbraak yn ferpleechhûs Berchhiem yn Burgum. Ek dêr binne yntusken fjirtjin bewenners ferstoarn. Yn totaal binne der mear 40 bewenners en ek likefolle meiwurkers posityf test op it coronafirus.

(Advertinsje)
(Advertinsje)