Basisskoalle De Vuurvlinder yn Snits iepen: "We ha der in hiel soad sin oan"

09 feb 2021 - 19:16

Ien dei letter as de bedoeling wie, mar basisskoalle De Vuurvlinder yn Snits is tiisdei nei wiken fan lockdown wer iepen. Sawat alle leararen en learlingen binne der bliid mei. "We ha der in hiel soad sin oan. Moandei fielde as in ûnferwachte frije dei, mar hjoed lûke we alle registers iepen."

-

Eins hie it moandei dus al los sild, mar fanwege it winterwaar bleaune de skoallen noch in ekstra dei ticht. "We sieten sneintejûn ek de hiele tiid op de telefoan", sizze ûnderboujuffen Rixt en Margriet. "We ha in soad kollega's dy't bûtenút wenje. En mei minder leararen groepen kombinearje, koe ek net, fanwege alle maatregels."

De ekstra frije dei befoel de juffen net. "Ik ha my bot ferfeeld. Ik ha ek al wat frije dagen hân, dus dan wolle je graach wer."

Ekstra maatregels

No't de skoallen wer iepen kinne, binne der wol wat saken feroare. "Foar de lockdown hienen we ek al in soad maatregels, mar yn de lokalen hawwe we no ek skermen hingjen. Dêr kinne we ús achter ferskûlje, al binne de lytse bern net in hiel grutte boarne fan besmetting."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De bern yn de boppebou moatte op de gong in mûlkapke op. It giet om bern yn groepen 7 en 8, mar op De Vuurvlinder dogge de bern fan groep seis ek in kapke op. Dy sitte mei de boppebouklassen op de boppeste ferdjipping.

Neffens Rixt en Margriet fine de measte bern en âlders it wol prima. "We kommunisearje it frij goed. Alders lêze dat goed en der binne positive reaksjes. It binne de maatregels en dêr hâlde we ús oan. Je moatte even oan de mûlkapkes wenne, mar dan komt it wol goed. Yn de supermerk rinne we ek mei mûlkapkes op."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Om in oere as healwei njoggenen komme de earste bern oan by de skoalle. De measten hawwe der sin oan, dat jildt ek foar Lindsey, Boudina en Esther. "Ook wel een beetje raar, want we zijn een hele tijd thuis geweest. Ik vind het wel leuk, want ik heb school gemist. Het is leuk om iedereen weer te zien, want anders zit je helemaal alleen in je kamer."

Alden bliuwe bûten

Mei de jongste bern geane de âlden de earste dagen noch mei de klasse yn. Dizze tiisdei komme der ek fjouwer nije bern yn groep 1, mar fanwege de maatregels meie de âlders no net mei nei binnen. "Se bliuwe achter it hek", sizze Rixt en Margriet. "Dat is raar, mar de bern wenne no wol earder. Se rinne rêstich mei nei binnen ta."

(Advertinsje)
(Advertinsje)