FIDEO: Dokkumer reedsliper moat oan de bak

09 feb 2021 - 18:46

De earste iisbanen yn it noardeasten fan Fryslân binne al iepen en de kâns dat we op natueriis ride kinne groeit mei de dei. De reedrydkoarts nimt ta en dat merkt Eelke Zwart fan Schoenmaker Zwart, dy't ek redens slipet, ek.

-

Eelke Zwart hat ôfrûne wykein al hiel wat redens slipe en ek tiisdei kamen de earste reedrydleafhawwers binnen om harren redens ûnder hannen nimme te litten sadat, as it safier is, se fuortendaalks ûnderbûn wurde kinne. "De steapel groeit aardich, dus we moatte oan de bak", fertelt Zwart.

Dochs is it in hiel skoft lyn dat it sa drok wie yn de reedsliperij. "Yn 2018 hawwe we it efkes drok hân, dat wie doe al hiel heftich. Mar as je dat net meitelle, dan is it in hiel skoft lyn."

Hoewol't Eelke it slypjen fan redens moai fynt, genietet hy noch it meast fan de blide gesichten fan de klanten. "Do sjochst dat minsken bliid wurde fan dit nij, want eltsenien is wol wat klear mei dy corona."

Trefwurden: 
Dokkum Eelke Zwart reedsliper
(Advertinsje)
(Advertinsje)