Loes Geurts nei lange blessueretiid werom yn seleksje Oranje-froulju

Keepster Loes Geurts fan Hichtum is nei in blessuere fan hast in jier werom yn de seleksje fan de Oranje-froulju. Bûnscoach Sarina Wiegman hat de 23-koppige seleksje tiisdei bekend makke foar de kommende twa oefeninterlands. Geurts, dy't útkaam foar BK Häcken, rûn foarich jier in harsenskodding op, dêr't se lang fan werstelle moast.