Ponton blokkearret de Luts yn Balk: "De timing is net optimaal"

09 feb 2021 - 18:04

De winter slacht dizze wike del en dus begjint it te kribeljen om te reedriden. Mar troch de wyn fan ôfrûne dagen is it gjin dwaan om op it iis te kommen. Dochs hâlde de rayonhaden yn Balk de stân fan saken goed yn de gaten. "It bûtenwetter is bar en boas", seit rayonhaad Reitze Woudstra. "Dus komt it op de Luts oan, mar dy is blokkearre troch in ponton om't der wurke wurdt oan de wâl."

-

"Sjoch, der is noch net iens iis yn de Luts", begjint assistint-rayonhaad Piet Siemonsa syn ferhaal. Mei in stôk fan twa meter pript hy yn it wetter. Lytse iislaachjes ferpleatse har nei de oare kant fan de Luts.

"It is in grut kontrast mei de Sleattemermar fierderop. Dêr is it sa min datst der net ride kinst. It binne allegearre bulten wurden troch de hurde wyn fan de lêste dagen. Sels rinne wurdt der noch in hiele put. Ride op de mar kinst wol ferjitte."

De Sleattemermar leit der min by - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Mar ride op de Luts wurdt dit jier ek dreech. In grut ponton middenyn de rivier blokkearret it wetter. Dy leit der al in pear wiken. Ofspraak is dat it ponton derút giet as it hurd begjint te friezen. "Mar dat is no noch net it gefal," seit Reitze Woudstra, rayonhaad yn Balk.

"Mochten we al op de Luts ride kinne, dan wurdt de kraan fan it ponton helle. It ponton sels wurdt dan in stikje klune. We sille dat sa ynrjochtsje dat minsken der dochs oerhinne kinne. De timing is net hielendal optimaal, mar der moat al wurke wurde oan de Luts. Underhâld moat ek barre."

Dochs hoopje se yn de Balk de kommende dagen de redens ûnder te binen. "De tocht fan de Luts nei de Wyldemerk moat kinne, dus dêr sette we no op yn."

De Luts yn Balk is blokkearre troch in ponton - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Gemeente De Fryske Marren lit yn in reaksje witte dat it fuortheljen fan it ponton en de kraan in djoere put is. Mocht der in Alvestêdetocht komme, dan wurdt it skip fuorthelle. Mar Wiebe Wieling, foarsitter fan feriening De Friesche Elf Steden, hat al meardere kearen sein dat de Tocht troch de pandemy net trochgean kin.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de Luts

Trefwurden: 
ponton Balk iis reedride Luts
(Advertinsje)
(Advertinsje)