Kommissaris fan de Kening Brok: Haachske politisy gean net oer de Alvestêdetocht

09 feb 2021 - 17:17

"De polityk moat him net bemuoie mei de Alvestêdetocht en de Haachske polityk al hielendal net." Kommissaris fan de Kening Arno Brok seit dat er it 'hiel bysûnder' fynt dat guon Haachske listlûkers stevige útspraken dogge oer de Alvestêdetocht, wylst in grut part fan de rûte noch iepen leit. "Neffens my is it sa dat jo pas oer in Alvestêdetocht prate, as it iis sterk genôch is."

De finish fan de Alvestêdetocht op de Bonkefeart by Ljouwert - Foto: Kappers Media

Guon politisy yn Den Haag besykje de lêste dagen druk út te oefenjen op it Alvestêdebestjoer troch allerhanne 'kreative suggestjes' te dwaan, lykas it loskeppeljen fan de wedstriid en de toertocht en dêrby te sizzen dat de wedstriid yn alle gefallen wol trochgean kin. "Wat ik dêrfan fyn, sil ik mar net foar de mikrofoan werhelje. Mar de iennichste dy't bepaalt oft der in Alvestêdetocht hâlden wurde kin, is it bestjoer fan de Alvestêdeferiening. Dêr leit it foech."

"Wieling hat wol fiif kear sein: it kin net mei in pandemy"

Kommissaris fan de Kening Arno Brok stiet achter it beslút fan it bestjoer fan Wiebe Wieling om yn de coronapandemy gjin Alvestêdetocht te hâlden. "Neffens my hat er dat yntusken al fiif kear útlein. Foar de sechde kear dy diskusje iepenje, hat gjin sin." Tagelyk hopet de kommissaris wol noch in kear yn funksje in Alvestêdetocht mei te meitsjen. "Mar net yn it jier fan in pandemy. Dan is in grut evenemint net passend."

Prate oer ryksbydrage foar Thialf

Haachske politisy dy't har sterk meitsje wolle foar de reedrydsport wol Brok graach útnûgje om in bydrage te leverjen oan keunstiisbaan Thialf op It Hearrenfean. Thialf skriuwt reade sifers en wurdt finansjeel oereinhâlden troch de provinsje en de gemeente, wylst it om in foarsjenning fan ynternasjonaal belang giet. "Dit is in moai momint om nochris mei de minister fan Sport en de Twadde Keamer te praten oer harren bydrage oan Thialf."

Ek op it iis jilde de coronaregels

Brok hat wol begryp foar de 'iiskoarts' en de 'waarme belangstelling foar Fryslân' by ferskate politisy. "Lit ús hoopje dat de bern it iis op kinne en dat we noch in bytsje genietsje kinne. Ik stean sels ek graach op redens. Wat ik noch moaier fyn, is om mei it hynder it iis op. As der iis komt, is der wol wat mooglik, mar we moatte it kopke derby hâlde en ús ek op it iis hâlde oan de coronaregels."

Kommissaris fan de Kening Brok oer de politike belangstelling foar de Alvestêdetocht

(Advertinsje)
(Advertinsje)