Sven Kramer wol natueriisbubbel wol yn, mar: "Haw it noch net mei Naomi oerlein"

09 feb 2021 - 16:55

Sven Kramer hopet wedstriden op natueriis ride te kinnen. De reedrider fan Jumbo-Visma stiet tongersdei en freed oan de start op it wrâldkampioenskip ôfstannen, mar soe dêrnei oerstappe kinne op de natueriisbubbel. As dy der komt, alteast. Yn de langebaanbubbel is der mear animo foar natueriis.

Foto: Orange Pictures

"Ik fyn it hiel leuk, natuerlik kribelet it", fertelt Kramer, dy't bliid is dat no nettsjinsteande de coronamaatregels wol sjoen wurdt nei wedstriden op natueriis. "It soe fantastysk wêze as we ien of twa wedstriden hawwe kinne, mei ek in NK maraton."

Syn dielname oan natueriiswedstriden al hielendal foar hûndert prosint tasizze, wol Kramer allinne noch net. "Pin my der net op fêst, want ik bin folop fokusse op it WK ôfstannen. Dêrnei bin ik bliid dat ik de bubbel út kin, mar miskien moat ik ek wol wer in nije bubbel yn."

Want dat soe wol de konsekwinsje wêze as Kramer meidwaan wol. Dan moat er wer de natueriisbubbel yn. Dat soe fansels kinne, al moat er noch wol efkes yn petear mei it thúsfront. "Ik moat it thús noch wol even melde, want ik haw it noch net mei Naomi oerlein. Dus moatst it noch net fuortendaliks útstjoere", laket Kramer.

Harkje nei Sven Kramer

Marijke Groenewoud hat har de lêste jierren ek bot sjen litten yn de maratons en dus soe se ek absolút oan de start stean wolle by in maraton op natueriis. "Jo binne der wol in protte mei dwaande. It hâldt dy hieltyd dwaande, it waar bûten. De berjochten dy't allegearre foarbykomme. Mar ja, we moatte earst it WK mar hurd ride."

Groenewoud komt sneon yn aksje op de massastart op it WK ôfstannen. Mar wat no as de natueriiswedstriid ek op dy dei is? "Dat soe net bêst wêze. It WK giet fansels wol foar, mar it soe wol echt in drama wêze. Ik haw noch nea earder in WK riden en dit is myn earste kâns, dus ik tink dat ik dy dochs mar pakke moat."

Marijke Groenewoud foarich seizoen yn aksje op de maraton - Foto: Orange Pictures

Datselde jildt foar har ploechgenoat by Team Zaanlander, Arjan Stroetinga. Hy rydt ek op sneon de massastart op it WK. Mar Stroetinga is like nochter as altyd. Hy lûkt him noch net de hierren út 'e kop dat er krekt no opsluten sit yn de reedrydbubbel.

"Dan haw ik aansen hielendal gjin hier mear, dus dat kinne we better net dwaan. Ik kin my der wol drok om meitsje, mar it jout dy dochs neat. We kinne noch hast nergens ride. Ik moat my earst fokusje op it WK. Dat is wêrom't ik hjir fjouwer wiken sit."

Koning Winter moet nog even zijn best doen.

Ireen Wüst hopet op natueriis

Ireen Wüst rydt snein har lêste wedstriid op it WK ôfstannen en kin dan de bubbel út. "Jazeker, het kriebelt. Ik hoop dat het goed gaat vriezen en dat ik maandag vanaf de steiger in Terherne kan schaatsen. Dat zou een droom zijn die uitkomt." It komt hielendal goed út dat dizze froastperioade oan de ein fan it seizoen plakfynt. "Zeker nu alle wedstrijden geweest zijn, is het een soort vrijbrief om los te gaan. Alleen Koning Winter moet nog even zijn best doen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)