Oersjoch iisbanen: sjoch hjir wêr'tst al ride kinst

Hasto de redens al út it fet en kinst net wachtsje oant it momint datsto it iis op kinst? Dan hawwe wy goed nijs foar dy! Ferskate iisbanen yn Fryslân hawwe harren doarren al iepenset. Op de Omrop Fryslân-iisaginda fynst in oersjoch mei Fryske iisbanen en aktuele ynformaasje.
Grien betsjut dat de iisbaan iepen is. Read betsjut dat de iisbaan ticht is en by blau is der noch gjin ynformaasje bekend.
De kaart is noch net kompleet. Mei dyn help wolle wy de kaart sa aktueel mooglik meitsje. Jou dêrom dyn ynformaasje troch op www.omropfryslan.nl/iisaginda. Under de kaart stiet in formulier.