Provinsje en Wetterskip lizze sompestrook njonken it Nijdjip oan

De provinsje en Wetterskip Fryslân lizze in strook mei sompegebiet oan njonken it Nijdjip, dat tusken Tytsjerk en Suwâld rint. It giet om in lingte fan fiif kilometer, it heart by it projekt dat de Grutte Wielen mei De Alde Feanen ferbine moat. Yn 2022 moat it wurk úteinsette.
© Google Street View
Njonken sompenatuer wurde ek natuerfreonlike wâlskanten oanlein, mei ûndjip wetter dêr't fisken skûlje en wetterplanten groeie kinne. Yn it súdlike part wurde wetterkearingen op hichte brocht, sa't it njonkenlizzende lânbougebiet better beskerme is mei heech wetter. It projekt wurdt meibetelle mei jild út it Europeesk fûns foar Plattelânsûntwikkeling.