Ek dit jier gjin Nasjonaal Konkoers Hippyk yn Dokkum fanwege corona

09 feb 2021 - 16:14

It Nasjonaal Konkoers Hippyk yn Dokkum giet ek dit jier net troch. It bestjoer hat dizze kar makke fanwege it coronafirus en de maatregels dy't fan krêft binne. Dêrom giene de wedstriden yn 2020 ek al net troch. Hoe't de situaasje yn juny wêze sil, is neffens it bestjoer net dúdlik. Dêrom binne tariedingen dreech te dwaan en wol it bestjoer gjin ferplichtingen oangean.

Foto: Stichting Nationaal Concours Hippique Dokkum

Takom jier hopet it bestjoer fan Stichting Nationaal Concours Hippique Dokkum wol wer in Konkoers Hippyk yn Dokkum te hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)