Swiere Manon Kamminga oerwaget om mei te dwaan oan natueriiswedstriden

09 feb 2021 - 15:58

"Zoiets is niet te filmen, maar ik had het voor geen goud omgedraaid." Dat seit Manon Kamminga dy't krekt middenyn de winter yn ferwachting is. Sy is achttjin wiken swier en fielt har poerbêst. Grutte fraach is oft se wol ride kin of mei. "Het kriebelt wel. Dat kan ook de baby zijn, maar ik denk dat het het natuurijs is."

Manon Kamminga - Foto: Orange Pictures

Manon Kamminga

It is al wer in hiel skoft lyn dat Kamminga op natueriis stien hat en as it heal kin wol se ride. Ek de Alvestêdetocht. As dy binnen in pear wiken komme soe en Kamminga fielt har goed, dan mei se om de ferloskundigen wol fan start gean. Gewoon doen, seine se. Pas boppe de tritich wiken binne de risiko's op fallen grutter. As it kin, wol se earst it iis útprobearje en dan pas beslute oft se echt ride kin.

Fanwege corona hat Kamminga al in skoft net mear op redens stien. De lêste kear wie by de massastart op it WK-kwalifikaasjetoernoai yn Thialf, ein desimber. Doe wie se dus ek al yn ferwachting. Doe fielde it al wat oars, want it riden gie net echt lekker.

Klasina Seinstra wit hoe't it is

Lieder Klasina Seinstra fan de maratonploech fan Manon Kammiga hat de situaasje dêr't Kamminga yn sit, sels ek meimakke. Seinstra wûn yn 1997 de Alvestêdetocht doe't sy swier wie. Pas op de dei fan de tocht fielde se har wat oars as oars, mar se gie gewoan fan start en wûn de sprint fan Gretha Smit. Yn febrewaris wûn se ek noch de Alternative Alvestêdetocht op de Weissensee yn Eastenryk.

By twivel ôfstappe

"Ast twivelst, moatst gewoan ôfstappe. Goed nei dysels harkje", jout Seinstra as tip oan Kamminga. " It is net it bêste iis dat der no leit, mar as in peloton ien ronde oer minder iis riden is, is it al aardich flak. Myn redens lizze al klear. Se binne al skerp."

Seinstra is net mear ien fan de earsten dy't it iis op giet nei in ûnderfining fan golfjend iis op it Nannewiid. Dat fûn se sa gefaarlik dat se no leaver in pear dagen wachtet oant it iis echt sterk is.

Klasina Seinstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)