Aris skorst spiler Craig Osaikhwuwuomwan de rest fan de moanne

De Ljouwerter basketbalklup Aris leit in skorsing op foar de 30-jierrige spiler Craig Osaikhwuwuomwan. It bestjoer fan de klup hat besletten om de forward-center yn elts gefal de rest fan de moanne dissiplinêr út te sluten fan meispyljen. "Over de reden van de schorsing doen de club en de speler geen uitspraak," sa lit Aris witte.
Craig Osaikhwuwuomwan (links) © Orange Pictures
Osaikhwuwuomwan komt út Budel en spile yn it ferline foar de Mosquito's yn Amsterdam. Yn 2010 begûn er mei it spyljen yn de Earedifyzje. Yn 2012-2013 spile er al efkes foar Aris, en nei in oerstap nei oare klups komt hy sûnt 2016 ek wer foar Aris út.
Ferslachjouwer Eric Ennema oer de situaasje by Aris