AED's dy't bûtendoar hingje: kinne de apparaten wol oer it iiskâlde winterwaar?

09 feb 2021 - 15:49

De kjeld kin in effekt hawwe op AED's dy't bûtendoar hingje. De apparaten, dy't brûkt wurde by in hertstilstân, moatte fansels goed tagonklik bliuwe. Mar watfoar effekt hat de winter krekt op de apparaten? Kin it apparaat oer it roetkâlde winterwaar? Simone Lips út Harns jout antwurd.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Lips hat in bedriuw dat AED's ferkeapet en ûnderhâldt. Se kriget in protte fragen fan klanten dy't witte wolle wat se dwaan moatte mei it apparaat no't it echt winter is.

Yn prinsipe kinne de apparaten wol in skoft bûtendoar yn de winterkjeld hingje, seit Lips, mar it is dan wol wichtich dat de bûtenkast goed is. "Een goede AED-buitenkast heeft verwarming. Die ondersteunt de AED om het niet al te koud krijgen, want de AED bevat natuurlijk een hele hoop gevoelige apparatuur", seit Lips.

Ekstra kontrolearje

Lips krijt no in soad fragen fan har klanten. "Het is heel goed dat mensen er bewust van zijn dat het ook voor de AED koud weer is. Maar vanaf een afstand kunnen wij niet zien of het apparaat goed is of niet", seit se. "We raden de klanten daarom wel aan om de AED's iets vaker te controleren met dit weer. Gelukkig kan men dat heel makkelijk zelf doen."

As minsken fêststelle dat harren apparaat it yndied net mear goed docht, moatte se belje mei dyjinge dy't ferantwurdlik is foar it ûnderhâld, seit Lips. By it bedriuw fan Lips krije de klanten yn dit gefal in ruilapparaat. "De vraag is dan: komt het door de kast of komt het bijvoorbeeld omdat het niet goed is onderhouden?" Dat ûndersykje se dan by it bedriuw fan Lips. "Op kantoor kunnen we de AED's uitlezen."

Dochs seit Lips dat se oant no ta yn de winter gjin ekstra steuringen sjogge by de AED's. "Ik moet zeggen: we bestaan nu bijna dertien jaar en we hebben eigenlijk niet vaak dat we denken dat er in de winter extreem veel extra storingen komen. "

Simone Lips oer de AED's yn de winterkjeld

(Advertinsje)
(Advertinsje)