Ljouwerter CDA-fraksje lilk oer feangreideplannen bûtengebiet

De Ljouwerter CDA-fraksje is lilk dat der in opset foar in omjouwingsplan foar it bûtengebiet súdlik fan Ljouwert leit, sûnder dat der praat is mei omwenners en boeren. It CDA is benaud dat der boeren ophâlde moatte mei harren bedriuw fanwege de feangreideplannen. Der soe earst better oerlein wurde moatte, sa fynt it CDA. It plan dat der no leit giet oer it súdlike part fan it bûtengebiet yn gemeente Ljouwert.
In feangreidegebiet © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Op 4 febrewaris wie der in digitaal oerlis oer de feangreideproblemen. Dêr diene boeren út it gebiet om Wergea en Grou oan mei, mar troch in technyske steuring wiene der ek guon dy't net meidwaan koene. Yn de sesje is praat oer it saneamde 'Pre-omgevingsplan Leeuwarden buitengebied zuid.'
Nei de sesje die bliken dat de bewenners it gefoel hawwe dat der net goed nei harren harke wurdt. De fraksje wol witte oft it kolleezje him wol realisearret dat de bewenners fan it gebiet dat ynkleure is as feangreide al lang yn ûnwissens sitte oer harren takomst.