Sluten fan testlokaasjes goed sichtber yn nije besmettingssifers

09 feb 2021 - 15:25

It RIVM meldt tiisdei 88 coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne 63 minder as moandei, doe wiene it 151. Dat de sifers fan tiisdei sa leech binne, komt trochdat de testlokaasjes fan de GGD snein ticht wiene. Dêrom sizze de nijste sifers ek net in soad oer de fersprieding fan it firus.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Fan de besmettingen dy't wol meld binne, komme de measten út de gemeente Ljouwert (22). Dêrnei Súdwest-Fryslân (16).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren njoggen stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan de gemeenten Weststellingwerf (3), Ljouwert (2), Achtkarspelen (1), Eaststellingwerf (1), Tytsjerksteradiel (1) en Súdwest-Fryslân (1).

Der binne trije minsken yn it sikehûs opnaam, yn Ljouwert, Tytsjerksteradiel en De Fryske Marren.

Lanlik

Lanlik meldt it RIVM likernôch 1.800 nije besmettingen. Dat binne der hast fiifhûndert minder as juster. Ek dêrfan jildt dat de sifers in fertekene byld jouwe.

Neffens de wyksifers fan it RIVM nimt it tal nije besmettingen lanlik sjoen ôf, mar dat jildt net foar Fryslân. Hjir gie it tal positive testen de ôfrûne sân dagen omheech.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)