Rjochtbank feroardielet konsjerzje foar eksamenfraude soan

De eardere konsjerzje fan it Stedelijk Gynmasium yn Ljouwert is krekt as syn soan feroardiele foar eksamenfraude en stellerij. Hy hie mei in neimakke kaai de klús iepenmakke dêr't de eksamenopjeften yn leine. Dêr makke er in kopy fan.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De man hat in wurkstraf krigen, en in finzenisstraf ûnder betingst. Hy sei dat er ferbline wie troch de famylje-eare, dy't belangryk is yn de Hindoestaanse kultuer dêr't er mei syn soan diel fan útmakket. De soan woe de hege ferwachtigen wiermeitsje, en doarde út respekt foar syn heit gjin wjerstân te bieden.
Justysje easke fiif moannen sel foar de heit, en in wurkstraf fan150 oeren foar de soan. De rjochter hat in minder strange straf oplein, fanwege de ympakt dy't de saak hân hat op de fertochte en syn gesin.
De man wurket net langer as konsjerzje. Hy krige in wurkstraf fan 200 oeren en in finzenisstraf ûnder betingst, fan twa moannen. By de soan waard it jeugdstrafrjocht tapast. Hy krige in wurkstraf fan 80 oeren.