Advysorgaan provinsje: ynspeksje Frysk op skoallen moat by it Ryk bliuwe

09 feb 2021 - 14:12

It advysorgaan DINGtiid riedt de provinsje Fryslân oan om it foech fan de skoalynspeksje op it fak Frysk yn it basis- en fuortset ûnderwiis by it Ryk te hâlden. De provinsje woe sels dat foech graach nei Fryslân ha, mar wat DINGtiid oanbelanget hoecht dat net. DINGtiid advisearret de provinsje op it mêd fan taalbelied.

Foto: Omrop Fryslân

DINGtiid jout it advys nei oanlieding fan in fraach fan provinsje Fryslân yn oktober 2020. De provinsje frege DINGtiid doe om ûndersyk te dwaan nei de optimale omstannichheden foar tafersjoch op it Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis.

Provinsje woe ynspeksje oernimme

De provinsje frege dêrby yn it bysûnder omtinken foar wêr't it tafersjoch op it fak lizze moast. Dat die de provinsje nei oanlieding fan it Bestjoersakkoart 'Lok op 1' (2019-2023). Dêryn sei de provinsje dat se it tafersjoch op it Frysk yn it ûnderwiis graach nei de provinsje ta heljen woenen en fan it Ryk oernimme.

It tafersjoch op it ûnderwiis en dus ek op it Frysk wurdt no útfierd troch de Onderwijsinspectie.

'Tafersjoch giet goed'

DINGtiid hat praat mei de provinsje Fryslân, mei de Underwiisynspeksje, Cedin, it Liudger, it Lektoraat Meartaligens en skriftlike taalbehearsking fan hegeskoalle NHL Stenden, ROOBOL en it ministearje fan Underwiis. Op basis dêrfan konkludearret DINGtiid dat de trend yn it tafersjoch op it Frysk yn it ûnderwiis posityf is.

Noch wol ferbetteringen mooglik

Sa is it tafersjoch de ôfrûne jierren ferbettere. Tagelyk kin it noch altyd better. Sa soe de Taalskipper fan de provinsje alle jierren oerlizze moatte mei alle skoalbestjoeren fan Fryslân mei dêryn omtinken foar it Frysk. De Taalskipper moat ek yndividueel mei de skoalbestjoeren prate en se helpe mei de ambysjes. Fierder moatte de ynspeksjeresultaten sichtber wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)