Weststellingwerf wol der 200 wenten by yn nijbouwyk Wolvegea

09 feb 2021 - 13:41

Gemeente Weststellingwerf wol de kommende jierren sa'n 200 wenten bybouwe litte yn de nijbouwyk Lindewijk yn Wolvegea. It foarûntwerp foar it ynrjochtsjen fan de twadde faze fan it gebiet leit sûnt dizze wike ta besjen. Ein 2021 hopet de gemeente de earste boukavels útjaan te kinnen.

Foto: Lindewijk

Yntusken wenje der al sa'n 460 húshâldingen yn de nijbouwyk. Net allinne minsken út de Stellingwerven, mar ek 162 húshâldingen út oare parten fan it lân.

Krityk op ferdieling

Der is wol krityk op de ferdieling fan nijbouwenten oer Weststellingwerf. Sa is der yn Nijeholtpea ek in grut ferlet fan wenten. Neffens guon partijen yn de gemeenteried is der net goed praat oer it ferlet fan wenten yn de gemeente. Dêr soe in goed ûndersyk nei komme moatte. Sy tinke dat it folbouwe fan de Lindewijk net mear nedich is en tinke dat der finansjele problemen út wei komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)