Foararrest fertochte fan drugslab Wânswert ferlinge, ynwenner Almere sit langer fêst

09 feb 2021 - 13:30

De rjochtbank fan Ljouwert hat it foararrest fan in 64-jierrige man ferlinge yn de drugssaak-Wânswert. De man út Almere soe belutsen west hawwe by it meitsjen fan crystal meth op in pleats oan de Wirdsterterp.

Foto: Plysje

It lab yn Wânswert waard ferline jier febrewaris ûntdutsen. De fertochte út Almere waard pas letter oppakt. Dat wie by in plysje-ynfal yn oktober yn in crystal meth-lab yn Grinslân. Bliken die dat op in gesichtsmasker dat yn Wânswert oantroffen waard syn DNA siet. De man út Almere is fan Sineeske komôf. Dat is ek in oare fertochte, in 47-jierrige Amsterdammer dy't tegearre mei him oanhâlden waard by de ynfal yn Grinslân. It foararrest fan de Amsterdammer waard ferline wike al ferlinge.

By de ynfal yn Wânswert fûn de plysje methamfitamine mei in strjitwearde fan fjouwer miljoen euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)