Ferskate ôfdielingen sosjale wurkfoarsjenning Caparis ticht om corona-útbraak

De ferpakkingsôfdielingen fan sosjale wurkfoarsjenning Caparis yn Ljouwert binne ticht fanwege in coronaútbraak. Alve meiwurkers ha oant no ta posityf test op it firus.
-
Der wurkje yn totaal 450 minsken by Caparis yn Ljouwert. In wurdfierder wit net hoefolle minsken krekt thús sitte. Se wit wol dat de troffen ôfdielingen de hiele wike ticht bliuwe. In oantal ôfdielings bliuwt iepen, lykas de post en skjinmak.
Op it stuit wurdt ûndersyk dien oft der mear besmettingen binne. "We wolle net dat noch mear kollega's siik wurde, dus dêrom earst boarne- en kontaktûndersyk. Sadree't we witte dat kollega's negatyf binne, gean we wer fierder op de ôfdielings", seit Caparis-direkteur Alex Bonnema.
Hoe't it firus binnenkaam is by de sosjale wurkfoarsjenning is net dúdlik. "Wy sjogge noch oft dit út it bedriuw wei komt of dêrbûten. Dat moatte efterhelje om te sjen wêr't we risiko rinne. Ik hoopje dat we dêr moarn as oaremoarn mear oer witte."

Begryp

De opdrachtjouwers dêr't Caparis foar wurket, hawwe begryp foar de situaasje. "Ast dêr goed mei yn petear bist, is der begryp", ferklearret Bonnema. "Mar as dit moannen sa trochgean bliuwt, hawwe we wol argewaasje. Ik fyn dat we it knap dogge om draaiende te bliuwen."
In part fan de meiwurkers siet earder dit jier al thús. "Sy binne sa kwetsber dat we it hielendal net oandoare om harren nei it wurk ta komme te litten. It risiko op besmetting is te grut en we moatte net boartsje mei de sûnens fan minsken. Dat is it net wurdich", seit Bonnema.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat mei direkteur Alex Bonnema fan Caparis