Dochter en freon jouwe oerfal op âlders yn Beetstersweach ta

09 feb 2021 - 12:17

Twa fertochten dy't oppakt binne nei in wenningoerfal yn Beetstersweach, ôfrûne simmer, ha tajûn dat se it dien ha. Dat is tiisdei dúdlik wurden op de pro-formasitting. It giet om de 35-jierrige dochter fan de slachtoffers en har freon fan 50 jier út Drachten. De twa fertochten sitte yn foararrest en dat bliuwe se ek.

Foto: De Vries Media

De dochter en har freon bellen op 11 augustus 2020 moarns betiid oan by it hûs oan de Healwei. Doe't de 68-jierrige bewenner iepen die, waard er direkt ûnder druk set. Der moast jild oermakke wurde nei in bankrekken. Neffens de daging is der 75.000 euro oermakke.

Mishannele en drige

Omdat it pear de oerfallers koe, slagge it de plysje al gau om se oan te hâlden yn it hûs dêr't se wennen. De twa slachtoffers rekken licht ferwûne by de oerfal, se soenen mishannele wêze mei in izeren stêf. Dêrnjonken soe der drige en stutsen wêze mei in mes.

De dochter en har freon soenen in beurs, twa telefoans en twa bankpaskes meinaam ha.

Bekennende ferklearring

Op de pro-formasitting waard dúdlik dat de twa fertochten al in bekennende ferklearring ôfjûn ha. De frou soe yntusken praat ha mei in psycholooch en in psychiater.

De ynhâldlike sitting fan de saak is op tongersdei 29 april.

Trefwurden: 
plysje Beetstersweach oerfal
(Advertinsje)
(Advertinsje)