FNP en PvdA: Provinsje moat oanstean op ûnôfhinklik ûndersyk nei problemen radar Wier

09 feb 2021 - 12:16

De steatefraksjes fan de FNP en de PvdA hawwe oanfoljende fragen yntsjinne oer de Definsjeradar by Wier. Definsje hat in nije radar pleatst by de fleanbasis en sûnt dy tiid kleie omwenners oer lûdsoerlêst en minne ûntfangst fan wifi en telefyzje. Der liket in direkt ferbân te wêzen mei de nije radar, mar de omwenners krije der de finger net achter.

De radar yn Wier - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Beide partijen hiene op 25 jannewaris ek al fagen steld oan it kolleezje fan Deputearre Steaten oer de problemen mei de nije radar. Se wolle no as ekstra fraach fierders noch witte oft DS der by it Agentschap Telecom op oantrunet in earlike en betroubere mjitting útfiere te litten nei it sinjaal fan de radar, sadat dúdlik wurdt wat der krekt oan de hân is mei de tv- en wifi-steuringen by de omwenners.

De radar sit op dit stuit yn de testfaze. It liket derop dat de apparatuer fan Definsje noch net goed ynregele is, sizze beide partijen. Se freegje it provinsjebestjoer fierders oft dat mei Definsje yn oerlis gean wol om de problemen mei de strieling op te lossen.

De gemeente Waadhoeke hat Definsje ek al fragen steld oer de radarpost.

Trefwurden: 
FNP PvdA Wier radar
(Advertinsje)
(Advertinsje)