150 Friezen litte faksinaasje sjitte om winterwaar

09 feb 2021 - 11:45

Sa'n 150 Friezen dy't moandei oproppen wiene foar in faksinaasje tsjin it coronafirus, binne net kaam. Troch it winterwaar fûnen se it net ferantwurde om nei de priklokaasje yn it WTC yn Ljouwert te kommen.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Der soene moandei hast 1.100 minsken in faksin tsjin it coronafirus krije. De GGD besiket no de achterstân yn te heljen. Sa wurde tiisdei 100 ekstra minsken faksinearre. It giet dan benammen om minsken út de soarch, want dy moatte gau de twadde prik krije. Ek wurdt der in nije prikline yn it WTC yn gebrûk nommen.

It wiene moandei 61 (fan de 325) soarchmeiwurkers dy't thús bleaune. Fan de goed 700 âlderen dy't oproppen waarden, binne 87 minsken net nei it WTC gong.

De GGD is drok dwaande om elkenien sa gau mooglik wer yn te plannen. Ek tiisdei hat it winterwaar ynfloed op de opkomst. Tiisdeitemoarn gong it om 18 minsken dy't har net faksinearje lieten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)