Antonius Sikehûs begjint mei 'thúsmonitoring': coronapasjinten earder nei hûs

09 feb 2021 - 11:39

It Antonius Sikehûs yn Snits set tiisdei útein mei saneamde thúsmonitoring fan coronapasjinten. Dat hâldt yn dat minsken mei it coronafirus earder fan it sikehûs nei hûs kinne.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Ienkear thús wurde de minsken dan yn de gaten hâlden mei spesjale mjitapparatuer. Dan giet it bygelyks om de hertslach en it sykheljen. It bestjoer fan it Antonius Sikehûs is wiis mei dizze mooglikheid, omdat it de druk op de soarch wat minder makket.

Telefoanysk kontakt

Ferpleechkundigen fan Zorgcentrale Noord hâlde de mjittingen yn de gaten en hâlde telefoanysk kontakt mei de pasjinten. As der wat net goed giet, kinne húsdokters yn de regio Súdwest-Fryslân de pasjinten op ôfstân begeliede. De thúsmonitoring wurdt dien mei in sensorpleister en in digitaal platfoarm.

De mjitapparatuer hâldt de sûnenstastân fan de pasjinten 24 oeren deis yn de gaten. It giet om 'Engage', in digitaal patfoarm dat troch Philips makke is, en in draachbere sensorpleister. De mjittingen geane dus nei it telemonitoringsintrum Zorgcentrale Noord, en as der ôfwikingen binne nimme sy kontakt op mei de húsdokter. Dy bepaalt dêrnei oft fierder behannelingen nedich binne.

Logyske stap

Els Reeuwijk, programmamanager Antonius Thuis by de Antonius Soarchgroep: "Thuismonitoring is voor ons in wezen geen nieuwe ontwikkeling, gezien we hier al succesvol gebruik van maken bij COPD-patiënten. Het inrichten van het proces van thuismonitoring van COVID-19 patiënten was daarom voor ons een logische stap."

(Advertinsje)
(Advertinsje)