Offalferwurker Van der Galiën stapt nei Ried fan Steat om twangsommen provinsje

09 feb 2021 - 11:22

Ferwurkingsbedriuw Van der Galiën oan it Prinses Margrietkanaal yn Koatstertille hat in saak by de Ried fan Steat oanspand tsjin twangsommen fan de provinsje Fryslân. Dy binne oprûn oant 123.000 euro. It bedriuw hat it jildbedrach al oermakke, mar de provinsje hat ek alwer nije twangsommen oplein.

Foto: Shutterstock.com

De twangsommen binne oplein omdat it bedriuw seefsân op it hiem hie, wylst dat ôffierd wurde moatten hie. Der soe op in gegeven stuit in bulte fan acht meter heech lein ha. Van der Galiën stiet al in skoft ûnder ferskerpe tafersjoch, se wurde alle wiken kontrolearre.

Earder krige it bedriuw al boeten fan it Iepenbier Ministearje. Doe gong it om oerlêst fan stof dat delkaam op kezinen en terrasmeubels yn de omkriten. De Ried fan Steat docht yn seis wiken útspraak yn de saak oer de twangsommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)