KNSB wiis mei draai Rutte: "Sels kabinet yn 'e besnijing fan wintersk waar"

"Dit binne al hiel oare berjochten as freed." Wedstriidlieder Willem Hut fan de KNSB hat wer wat hoop dat der dizze winter maratonwedstriden op natueriis holden wurde kinne. Minister Van Ark sei ta dat se yn oerlis sil mei it reedrydbûn en ek premier Rutte sjocht mooglikheden.
Willem Hut © Orange Pictures
"We kunnen wellicht leren van het Thialf-regime", sei Rutte. Dêrmei wiisde er op de langebaanwedstriden dy't dêr yn in saneamde bubbel hâlden wurde. "Schaatsers en begeleiders zullen dan wat moeten opgeven wat hun vrijheid betreft, maar ik denk dat ze dat er wel voor over hebben", seit de premier.

Sels it kabinet yn 'e besnijing fan wintersk waar

"Ofrûne freed like it noch in hiel oare situaasje", seit Hut. Rutte sei doe dat de wedstriden beslist net koenen. "Mar it is no wintersk waar, dan wurdt elkenien dertroch befongen. Sels it kabinet, blykt no wol. Dat is geweldich."
De spanning wurdt troch de feroaring yn tinken fan de premier allinnich mar spannender. Hut: "Gewoanwei is sa'n froastperioade al spannend om de iisgroei. Dat is noch hieltyd sa. Mar no is it ekstra spannend fanwege it coronafirus."
Wannear't de natuer syn wurk docht, moatte we fleksibel wêze.
Willem Hut, kompetysjelieder maratonriden by de KNSB
Oan it iis kin de KNSB net in soad dwaan. Dat groeit of net. Kwa corona kin it iisbûn wol maatregels nimme. "Lykas in bubbel mei in soad testen. Der kin dan spitigernôch gjin publyk by wêze en we moatte it mei in minimaal tal minsken organisearje. Mar je witte net wannear't de natuer syn wurk docht, dus we moatte fleksibel wêze. Dat makket it behoarlik lestich."
Op himsels komt der net in soad publyk op de maratonwedstriden ôf. "We wurde wol gek mei wintersk waar, mar ik tink dat we der yntusken wol oan wend binne dat eveneminten mei publyk net kinne. Dat is al in skoft sa, dat minsken thús bliuwe. En dan moatte we it moai yn byld bringe, sadat minsken dochs meigenietsje kinne."