Wethâlder ûndersiket mooglikheden ferlinging fytspaad Waskemar

De gemeente Eaststellingwerf wol wat dwaan oan de ûnfeilige ferkearssituaasje yn it doarp Waskemar. Mooglik wurdt it fytspaad ferlinge oan de skoalle ta. Dat waard moandei dúdlik op in gearkomste fan de gemeente. Wethâlder Jager wol fierders dat de plysje mear kontrolearret op te lange frachtauto's yn it doarp. Fytsende skoalbern meitsje op de dyk wol gauris gefaarlike situaasjes mei.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Der binne grutte soargen oer de risiko's dy't fuotgongers en fytsers rinne troch al it frachtferkear dat troch it it doarp rydt. De bochten binne te krap en de dyk is net berekkene op grut ferkear. De ferdûbeling fan de dyk Drachten-Appelskea (N381) hie liede moatten ta minder frachtferkear, mar dat is net bard. It soe gean om seker hûndert frachtauto's op in dei, dy't net 8 km omride wolle oer Easterwâlde om yn Haulerwyk te kommen.
De pleatslike polityk wol dat de gemeente der wat oan docht, want fytsende skoalbern rinne gefaar. Dat meldt de direkeur fan de Liudgerskoalle. Hy kriget út en troch berjochten fan learlingen dat se rekke binne troch in frachtauto. Yn de provinsjale polityk binne earder ek al stimmen opgien om wat oan de ûnfeilige situaasje yn Waskemar te dwaan.
Veilig Verkeer Nederland hat it advys jûn in ferbod yn te stellen foar trochgeand frachtferkear. It doarp hielendal ôfslute foar alle frachtauto's sjocht de wethâlder net sitten. Dan moat fêststeld wurde wat krekt bestimmingsferkear is en wat net en moat dêr ek op kontrolearre wurde.