MCL riedt him ta op koade swart: "Wy witte net oft we dat oankinne"

De problemen yn it MCL steapelje har op. De ôfdieling onkology yn it Ljouwerter sikehûs is ticht yn ferbân mei in corona-útbraak en ek twa oare ôfdielings binne dêrtroch troffen. Pasjinten krije soarch by oare sikehuzen yn de buert. Yn de tuskentiid wurdt hurd wurke oan senario's foar 'koade swart', wêrby't net eltsenien mear behannele wurde kin.
MCL riedt him ta op koade swart
By hege útsûndering mocht Omrop Fryslân-ferslachjouwer Hayo Bootsma in moarn meirinne op de intensive care fan it MCL.
It MCL is drok oan it ynventarisearjen wêr't ekstra kapasiteit fûn wurde kin. Op dit stuit kin it sikehûs de pasjintestream noch oan, mar mocht der in tredde coronaweach komme, dan is de situaasje al rap net mear te hâlden.
"Wy hâlde wolris in wedstriid. Wa kin it rapst syn beskermjende klean oankrije. Do winst it net", seit ic-ferpleechkundige Ingrid Bakker. It protokol moat ta de lêste komma folge wurde. Dat betsjut in beskermjend pak oan, bril, mûlkapke, lateks moffen en hoeskes oer de skuon. "Wy rinne alles altyd noch in kear nei. We ha dus in 'buddy-systeem'. Je moatte inoar goed kontrolearje."

Keamer 8

Wy meie sjen op keamer 8 fan de intensive care. De keamer dêr't ferpleechkundigen Japke en Margaretha de soarch hawwe oer de twa manlju dy't der lizze. Ut harren kiel rinne buizen nei in apparaat dêrnjonken. In apparaat dat fol hinget mei lytse skermkes. Dêrop is alles fan de pasjint goed te folgjen: hertslach, longdruk, hoefolle soerstof se krije.
De iene pasjint, in man fan sa'n 60 jier âld, is krekt wekker. Hy hat alle buizen noch yn de kiel. "Dat is ook nodig", sa leit yntensivist Michael Kuiper út. "In z'n keel zitten nog zwellingen. Als we de buis, de tube, er te vroeg uithalen, kan dat problemen geven. Maar hij is wakker en dat is een goed teken."
Yn it oare ic-bêd giet it minder goed. De man dy't dêr leit, hat it swier. Hy leit yn in djippe koma. De ferpleechkundigen bliuwe tsjin him praten, krekt as is er wekker. Gjin sekonde is hy út harren sicht.
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
As in bêd leech is om't de pasjint it net rêden hat, dan komt dat hurd oan.
Ic-ferpleechkundige Ingrid Bakker
It wurk op de ic is swier. Ferpleechkundigen wurkje yn lytse teams op ien keamer. Bakker: "It is fysyk swier. Moatst dy hieltyd omklaaie en de pakken wêryn't wy wurkje, binne waarm. Mar ek mentaal is it swier. Dan hast in pasjint lang fersoarge en komst nei twa frije dagen werom en dan is it bêd leech, om't de pasjint it net rêden hat. Dat komt dan hurd oan." Wat Ingrid ek mist, is it kontakt mei kollega's. "We wurkje yn lytse teams en trefst de oare kollega's net."

Privee-isolaasje

Ek yntensivist Michael Kuiper sit al hast in jier yn in foarm fan privee-isolaasje. "Mijn leven bestaat uit hier zijn of thuis. In de zomer was dat wat makkelijker, want toen hadden we het niet zo druk. Maar sinds september, oktober lopen de cijfers weer op." Hy moat himsels deis geregeld omklaaie. "Ik moet als arts op meerdere kamers zijn. Voor iedere andere kamer moet je je steeds weer omkleden."
Maklik is it net op de IC, seit Kuiper: "Wat ik zwaar vind, is de combinatie van patiënten die hier lang zijn en de isolatie van de patiënt. Ze liggen hier op bed compleet verslapt aan de beademing. Normaal ligt iemand hier gemiddeld een dag. Dan herstellen ze van een operatie. We hebben dan open bezoektijden. Nu liggen coronapatiënten hier gemiddeld twee, drie weken. Bezoek kan maar mondjesmaat langskomen. Patiënten zijn dus heel erg geïsoleerd."
Corona werpt ons terug in de tijd.
Yntensivist Michael Kuiper
Foar Kuiper is dat in stap werom yn de tiid. "Toen ik begon zo'n 30 jaar geleden was dat ook zo. Er is veel verbeterd maar nu worden we teruggeworpen in de tijd." Ferpleechkundige Ingrid Bakker is it mei har kollega iens: "Witst ferstanlik dat it moat, mar kwa gefoel is it ûnminsklik."

Famylje moat thús bliuwe

Faak is it sa dat famyljeleden ek besmet binne mei corona. Dy sitte thús ek yn isolaasje en kinne allinnich fia in byldferbining yn kontakt komme mei har heit, mem, freon of freondinne yn it sikehûs. Kuiper: "We zouden zo graag willen dat de familie mee kan komen, maar dat wordt echt beperkt door het risico dat zij corona meenemen."

Wekker wurde

Sawol Bakker as Kuiper fertelt oer de djippe bân dy't se opbouwe mei de pasjinten. "Je ziet elkaar drie weken. Dan ga je samen door diepe dalen. Loopt het slecht af, dan rouw je samen met de familie", seit Kuiper. Bakker knikt. "Mar it momint dat se wekker wurde, is it moaiste. Dan witst dat se der noch lang net binne, dat der in lang wersteltrajekt ynset wurde moat. Mar dan hat de behanneling oanslein."
Der is yntern sa folle help, dat docht ús goed.
Ic-ferpleechkundige Ingrid Bakker
Ferpleechkundigen Japke en Margaretha binne yntusken drok dwaande mei it waskjen fan de pasjinten op de ic. "Dizze man is net sa swier, mar 73 kilo", seit Afke. "We ha se ek wol fan 120 kilo. Dan is it draaien hiel swier." De kiel by de pasjint moat leechsûge wurde. Alarmen gean ôf. It komt goed út dat wy yn de keamer binne.
Bakker kin fuort oan de slach om te helpen by it wikseljen fan ien fan de filters. Mei Kuiper wurdt oerlein wat se dwaan kinne. Margaretha en Japke wurkje effisjint troch. Japke: "Wêr't ik bliid om bin, is dat we hjir sa folle help krije. Margaretha is IC-ferpleechkundige yn oplieding. Der is yntern safolle help, dat docht ús hjir echt goed."

Help fan kollega's

De ôfrûne tiid binne der tritich ferpleechkundigen fan oare ôfdielings oplaat om te helpen op de ic. Se steane klear of wurde ynset. Ek meiwurkers fan de ôfdieling Anestesy waarden ynset. "Nu op dit moment even niet", seit Emiel Dekker, teammanager fan de ic. "Maar een paar weken geleden hadden we hier tussen de vijf en acht nieuwe collega's per etmaal rondlopen."

Panyk yn de eagen

Japke sjocht nei de man dy't krekt wekker wurden is: "Hy wurdt ûnrêstich. As se wekker binne en de buis sit noch yn de mûle, dan wurde se benaud. Sjochst somtiden de panyk yn de eagen. Der moat dus altyd ien yn de buert wêze, want in pasjint moat net samar dy tube út de kiel lûke."
Ik hoop echt dat het nooit zover komt dat code zwart in werking treedt.
Yntensivist Michael Kuiper
De foarsizzing is op dit stuit dat de pasjintestream de kommende wiken fierder tanimt en dat de sikehuzen op koade swart oergean moatte. Dêr is Kuiper wol benaud foar: "Als dat gaat gebeuren dan weten we dat we geen rek hebben om patiënten te behandelen of op te nemen in het ziekenhuis of de ic. Dat is voor ons een situatie die we niet kennen. We bereiden ons voor, maar we hebben dit nog nooit gedaan. Ik weet niet of we dit kunnen. Ik hoop echt dat het nooit zover komt dat code zwart in werking treedt."

Grip hâlde en relativearje

Dat jildt ek foar Bakker. "Dat wy hjirmei dwaande binne, jout al ekstra druk. Dat makket it mentaal no ek swierder as yn it begjin fan de coronakrisis, yn maart, april ferline jier. It is dreech om it fan dy ôf te setten. Ik ha it gelok dat ik in jong gesin ha. Kom ik thús, dan sit ik fuort yn in oare wrâld. Dat relativearret."
Kuiper follet oan: "Ik heb het voordeel dat ik mij ook bezighoud met beleid en behandelprotocollen. Dat geeft mij het gevoel dat ik er nog een beetje grip op heb."
De coronakrisis hat ús ek nije medyske trochbraken opsmiten.
Ic-ferpleechkundige Ingrid Bakker
In trochsnee coronapasjint op de IC is net te omskriuwen. Kuiper: "Nou ja, de meeste zijn rond de 60. Ik ben 60. Ze zijn niet 80 of afhankelijk van verpleeghuiszorg. Meestal hebben ze wel onderliggend lijden. Denk dan aan diabetes of een longaandoening. Maar altijd kunnen ze zichzelf thuis prima redden en verwachten ze niet ernstig ziek te worden. Soms ligt er iemand op de IC met geen enkele medische historie."

Medysk ûndersyk

Foar Bakker biedt de coronakrisis ek kânsen. Se is spesjalisearre yn beäzeming. De ôfrûne tiid hat se ferpleechkundich ûndersyk dien nei de fraach hoe't it beäzemjen better kin. "Benammen om ús wurk te ferbetterjen. Wy moatte kritysk sjen nei hokker en hoe't wy de behanneling dogge." It ûndersyk hat op dat flak nije feiten opsmiten. Dy wurde ynkoarten publisearre yn in medysk tydskrift.

Lang refalidaasjetrajekt

It sil net lang mear duorje oft de pasjint dy't niiskrekt op keamer 8 wekker wurden is, kin fan de beäzeming ôf. Hy begjint dan oan in lang refalidaasjetrajekt. Oft er wer hielendal de âlde wurde sil, is noch alhiel de fraach. Sels stappe wy de keamer út. It team wurdt ôflost sadat Japke en Margaretha om kofje kinne.

Net benaud foar besmetting

Ingrid giet as earste en leit út hoe't je de pakken wer goed útlûke kinne. Benaud foar in besmetting yn de keamer binne se net. Ingrid: "Ik tink dat it hjir feiliger is as by de Albert Heijn." Japke lûkt har beskermjende pak ek út. Dêrûnder hat se in iisfest oan, sa't Sven Kramer dy oanhat mei de simmertraining. "It is oars fierstente waarm en dit kuollet moai ôf," seit Japke. "We ha se ek út de topsporthoeke wei krigen. Ik bin der echt hiel wiis mei."
As alles oan de kant is en alle hannen twa kear ûntsmet binne, is it tiid foar kofje. Eefkes ûntspanne nei in pear oeren bikkelje op de ic.