Kollum: "Yn in goede winter is elkenien gelyk"

"Eins is it wol sneu allegear. Meie de bern wer nei skoalle, wurdt it winter. Brûkt Piet P. ien kear it wurd 'horrorwinter' net yn syn jierlikse foarsizzing, wurdt it fuortendaliks in 'winter des doods'. Hoewol't dat lêste, sa't it no liket, wol wat tafalt. Mar der leit snie en der komt iis. En dêr sit ek in sneue kant oan, om't de KNSB gjin wedstriden op natueriis organisearje mei yn ferbân mei corona. Gelokkich kin der mei wat oanpassings wol gewoan riden wurde, op banen sawol as bûtenút, dus dat is hartstikke moai.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De toan fan Willem Schoorstra
Want no't der in bytsje winter is, moatte wy der ek fan genietsje. De bern yn it foarste plak. Der binne ommers lytskes dy't net iens witte wat snie en iis is. Dy't net de ferwûndering kenne fan in wrâld, dy't yn ien nacht feroare is mei't de gerdinen iepenlutsen wurde. As is it in mearke. As hat in tsjoender besletten om alle lilkens foar in skoft út te wiskjen, fuort te feien, alles dat rjocht, skerp en puntich is, glêd en sêft te meitsjen. Dy't de bern mei sa'n wûnderlike, wite tekken it gefoel en de oertsjûging jout dat alles samar ynienen nij wêze kin. Moaier ek.
En jildt dat foar folwoeksenen net krekt gelyk? Snie makket it ommers neat út op wa of wat it falt. Snie sljochtet ferskillen oer. Wappie of wittenskipper, sportman of stive harke, populist of ynteger politikus. It sterke iis yn 'e sleatten hâldt elkenien, likefolle oft dat man of frou of alles dêr tuskenyn is, in swart, wyt, brún, read of giel minske. In goede winter hat de eigenskip om kjeld mei kjeld te bestriden, om sadwaande waarmte te skeppen.
Us maatskippij hat, mei oare wurden, driuwend ferlet fan winter, ferlet fan Jûkelburd syn hearskippij. Jûkelburd is in strang, mar rjochtfeardich hearsker. Dy behannelet elkenien gelyk en makket elkenien gelyk. Hjir yn Fryslân ha wy Jûkelburd fanâlds op hannen droegen. Sa't Waling Dykstra yn syn Uit Friesland's Volksleven seit: 'Hartstochtelijke beminnaars van het ijs zijn de Friezen altijd geweest en zullen zij het blijven zolang zij Friezen zijn. Verlopen er soms twee of meer jaren zonder dat de winter bruikbaar ijs geeft van enig belang, dan is er gemor, vooral onder de jongeren ten platten lande.' Mar likefolle by de âlderen, kinne wy dêroan taheakje.
Snie en iis sljochtsje de ferskillen tusken notaris en strjitlizzer oer, tusken de direktrise fan in skoalle en de skjinmakker dy't jûns mei dweil en biezem troch it skoallegebou giet. Lit ús sadwaande fan de winter genietsje salang't it duorret. As is it mar fjirtjin dagen. Fjirtjin dagen wêryn't alles en elkenien gelyk is en likefolle wille hat. Fjirtjin dagen in moaier en nofliker wrâld."