Piet Paulusma: "Net in soad froast hân yn Fryslân fannacht"

09 feb 2021 - 07:13

Fryslân is it gebiet mei de minst lege temperatueren, dus as der fannacht al wat iis bykaam is, dan is it net in soad. Dat seit Piet Paulusma. "It wie yn Ljouwert fannacht -2. Mei sokke temperatueren hellest gjin toertochten binnen."

Piet Paulusma yn Harns - Foto: Omrop Fryslân

Op oare plakken yn de provinsje hat it ek net hiel bot ferzen. "It wurdt wol wat kâlder", seit de waarman, "mar we ha dus net in hiel soad froast hân. Wylst it yn it easten en súdeasten fan Nederlân wol -10 of -11 wie."

In soad snie is der ek net bykaam, hjir en dêr in lyts bytsje. Yn Akkrum in heale sintimeter, seit de waarman. En yn Ljouwert is fan 'e moarn in lyts bytsje snie fallen.

Kommende dagen stadichoan kâlder

Foar tiisdei foarseit Paulusma bewolking en wat sniebuien yn it Waadgebiet. "Ek op it fêstelân falt wat snie. De temperatueren lizze hjoed oerdei tusken de 0 en de -1 graden. Opnij gjin lege temperatueren dus. De wyn is matich, krêft 3 of 4 út east oant noardeast."

Yn de nacht fan tiisdei op woansdei is der noch altyd kâns op snie en sniebuien, benammen yn it waadgebiet. De froast is dan licht oant matich. "Fan -5 op de eilannen oant -7 op it fêste lân."

Letter yn de wike liket it wol kâlder te wurden. Yn de nacht fan woansdei op tongersdei fan -5 op de eilannen oant -9 yn it easten en súdeasten fan de provinsje. En stadichoan wurdt it kâlder, dan kin it yn de nachten -11 wurde yn Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)