Winterblog tiisdei 9 febrewaris: IIsklup Bûtenpost ropt op om net mear te kommen fanwege wekken

09 feb 2021 - 23:00

It is winter yn Fryslân. Noch hieltyd kin it glêd op de diken wêze, dêrom hat it KNMI oant tongersdei 13.00 oere koade giel ôfkundige. Folgje yn dit liveblog de situaasje yn de provinsje fan minút oant minút.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:20
Tank foar it folgjen

Hjirmei slute we it liveblog fan dizze tiisdei ôf. Tank foar it folgjen. Moarn is der wer in liveblog oer it winterwaar yn Fryslân.

22:15
Iglo yn Ryptsjerk

Bern yn Ryptsjerk wisten wol wat se mei de snie oan moasten. Dizze twa jonges bouden in iglo fan wol trij meter heech. Se begûnen der tiisdeitemoarn mei en jûns wie de iishutte ôf. De iglo sil yn de nachtfroast wol stean bliuwe, mar oft de jonges der ek echt yn sliepe sille...

Foto: Helma Kronenburg
20:58
Sniepoppen bouwe foar âlderein

Soarchgroep Hof en Hiem yn gemeente De Fryske Marren ropt bern op om sniepoppen te meitsjen foar de ruten fan har gebouwen sadat âlderein der ek fan genietsje kinne. "Hoe leuk zou het zijn om al die vrolijke sneeuwpoppen te kunnen zien staan vanuit hun raam!", skriuwt Hof en Hiem op Facebook.

De sniepoppen binne wolkom op de folgjende lokaasjes: Talma Hiem yn Balk, Suderigge op De Lemmer, Doniahiem en Us Mem yn Sint-Nyk, Vegelin State, Us Hof en De Werf op De Jouwe en Corneliahoeve yn Jistergea.

20:39
Postboades: hâld paad nei brievebus sniefrij!

"Nu vraag ik jullie iets wat ik bijna niet durf, zouden jullie het pad naar jullie eigen brievenbus sneeuwvrij kunnen maken zodat wij het wat makkelijker krijgen?" Dy oprop die postboade Elisabeth Langenberg út Butenpost op Facebook. De postbesoargers hawwe it neffens har dreech op it stuit fanwegen de lagen iis en snie dy't der op guon plakken lizze.

Offisjeel is it de taak fan de bewenners fan it hûs om harren oprit en de stoepe derfoar skjin te hâlden. "De snierotsoai giet tusken de fyts sitten. Sa no en dan moatst dy wat hinne en wer skodzje sadat de snie wat loskomt, dan kinst wer fierder, mar dat is net goed foar de fyts."

Yntusken hawwe der al minsken gehoar jûn oan de oprop. "We hawwe moaie reaksjes hân. Minsken seine dat se it al efkes dien hiene en dat se dat graach diene. It waard in stik better."

Postboade Elisabeth Langenberg

20:24
It iis groeit noch net sa rap oan

IIsmaster Sytse Kroes fan De Friesche IJsbond waard fan 'e moarn wat teloarsteld wekker. It hie net sa bot ferzen as er hope hie. "It falt my eins wat ôf, want de foarsizzings soene fansels wêze dat it flink frieze soe. Ofrûne nacht hat it eins neat dien, dus der is net sa folle by kaam as ik hope hie." Dêr komt by dat it iis dat der no leit fan net sokke goede kwaliteit is en it is dus gjin goede basis foar mear iis.

De iissituaasje ferskilt neffens Kroes bot yn de provinsje. "Ik wie by Skearnegoutum en dêr leit it by de brêgen noch iepen. Mar as ik in eintsje fierderop sjoch, by de Snitser Aldfeart, dan leit dêr in knappe laach snie-iis. Do kinst der eins gjin peil op lûke op it stuit."

It kin dus noch net en de redens moatte noch efkes yn it fet bliuwe. Kroes: "Al soene je op ien plak stean kinne, dan witst net hoe't it tsien meter fierderop is. Dus it is echt noch hiel ûnferstannich."

IIsmaster Sytse Kroes fan De Friesche IJsbond

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
20:21
Dronebylden fan de iisbaan Bûtenpost

Binne-Louw Katsma makke fan 'e middei dizze dronebylden op de iisbaan fan Bûtenpost:

20:03
IIsbaan Bûtenpost ticht

De iisklup fan Bûtenpost ropt minsken op om net mear nei de iisbaan yn it doarp te kommen. Der sikke wekken en skuorren yn de baan, wêrtroch't it ûnferantwurde is om derop te riden. "Het is te gevaarlijk", skriuwt de klup op harren Facebookside.

De iisbaan fan Bûtenpost wie tiisdei de allearste fan Fryslân dy't grien ljocht jûn om te reedriden en syn doarren iepensette foar besikers. Dy wille wie lykwols mar fan koarte tiid.

18:21
ANWB: noch mear pechgefallen as moandei

De wegewachten fan de ANWB hawwe it tiisdei yn Nederlân noch drokker mei it helpen fan troch panne troffen dykgebrûkers as moandei, doe't troch it winterwaar ek al sprake wie fan topdrokte. In ANWB-wurdfierder sei dat de teller om 16.00 oere hinne al op goed 5.000 pechmeldings stie.

"We stevenen voor deze dinsdag af op ongeveer 7500 pechmeldingen", seit de wurdfierder. Moandei kamen der sa'n 6.600 pechmeldings binnen en dat wie al hast it dûbelde fan it oantal pechgefallen dat de ANWB normaal sprutsen op in dei te ferwurkjen krijt. It giet benammen om fêstferzen portieren en hânremmen of problemen mei akku's.

Foar it helpen fan troch pech troffen automobilisten wurde sa'n 500 wegewachten ynset. Meiwurkers draaie ekstra oeren om de helpfragen sa goed as mooglik ôfhannelje te kinnen.

18:14
Ponton blokkearret de Luts

De winter slacht dizze wike del en dus begjint it te kribeljen om te reedriden. Mar troch de wyn fan ôfrûne dagen is it gjin dwaan om op it iis te kommen. Dochs hâlde de rayonhaden yn Balk de stân fan saken goed yn de gaten. "It bûtenwetter is bar en boas", seit rayonhaad Reitze Woudstra. "Dus komt it op de Luts oan, mar dy is blokkearre troch in ponton om't der wurke wurdt oan de wâl."

17:40
"Polityk moat him net bemuoie mei Alvestêdetocht"

"De polityk moat him net bemuoie mei de Alvestêdetocht en de Haachske polityk al hielendal net." Kommissaris fan de Kening Arno Brok seit dat er it 'hiel bysûnder' fynt dat guon Haachske listlûkers stevige útspraken dogge oer de Alvestêdetocht, wylst in grut part fan de rûte noch iepen leit. "Neffens my is it sa dat jo pas oer in Alvestêdetocht prate, as it iis sterk genôch is."

Trefwurden: 
iis snie winter
(Advertinsje)
(Advertinsje)