Liveblog | 9 febrewaris 2021

Winterblog tiisdei 9 febrewaris: IIsklup Bûtenpost ropt op om net mear te kommen fanwege wekken

It is winter yn Fryslân. Folgje yn dit liveblog de situaasje yn de provinsje fan minút oant minút.
Lêst bywurke: 9 febrewaris 2021, 23:00
tiisdei 9 febrewaris 2021
22:20

Tank foar it folgjen

Hjirmei slute we it liveblog fan dizze tiisdei ôf. Tank foar it folgjen. Moarn is der wer in liveblog oer it winterwaar yn Fryslân.
22:15

Iglo yn Ryptsjerk

Bern yn Ryptsjerk wisten wol wat se mei de snie oan moasten. Dizze twa jonges bouden in iglo fan wol trij meter heech. Se begûnen der tiisdeitemoarn mei en jûns wie de iishutte ôf. De iglo sil yn de nachtfroast wol stean bliuwe, mar oft de jonges der ek echt yn sliepe sille...
© Helma Kronenburg
20:58

Sniepoppen bouwe foar âlderein

Soarchgroep Hof en Hiem yn gemeente De Fryske Marren ropt bern op om sniepoppen te meitsjen foar de ruten fan har gebouwen sadat âlderein der ek fan genietsje kinne. "Hoe leuk zou het zijn om al die vrolijke sneeuwpoppen te kunnen zien staan vanuit hun raam!", skriuwt Hof en Hiem op Facebook.
De sniepoppen binne wolkom op de folgjende lokaasjes: Talma Hiem yn Balk, Suderigge op De Lemmer, Doniahiem en Us Mem yn Sint-Nyk, Vegelin State, Us Hof en De Werf op De Jouwe en Corneliahoeve yn Jistergea.
20:39

Postboades: hâld paad nei brievebus sniefrij!

"Nu vraag ik jullie iets wat ik bijna niet durf, zouden jullie het pad naar jullie eigen brievenbus sneeuwvrij kunnen maken zodat wij het wat makkelijker krijgen?" Dy oprop die postboade Elisabeth Langenberg út Butenpost op Facebook. De postbesoargers hawwe it neffens har dreech op it stuit fanwegen de lagen iis en snie dy't der op guon plakken lizze.
Offisjeel is it de taak fan de bewenners fan it hûs om harren oprit en de stoepe derfoar skjin te hâlden. "De snierotsoai giet tusken de fyts sitten. Sa no en dan moatst dy wat hinne en wer skodzje sadat de snie wat loskomt, dan kinst wer fierder, mar dat is net goed foar de fyts."
Yntusken hawwe der al minsken gehoar jûn oan de oprop. "We hawwe moaie reaksjes hân. Minsken seine dat se it al efkes dien hiene en dat se dat graach diene. It waard in stik better."
Postboade Elisabeth Langenberg
20:24

It iis groeit noch net sa rap oan

IIsmaster Sytse Kroes fan De Friesche IJsbond waard fan 'e moarn wat teloarsteld wekker. It hie net sa bot ferzen as er hope hie. "It falt my eins wat ôf, want de foarsizzings soene fansels wêze dat it flink frieze soe. Ofrûne nacht hat it eins neat dien, dus der is net sa folle by kaam as ik hope hie." Dêr komt by dat it iis dat der no leit fan net sokke goede kwaliteit is en it is dus gjin goede basis foar mear iis.
De iissituaasje ferskilt neffens Kroes bot yn de provinsje. "Ik wie by Skearnegoutum en dêr leit it by de brêgen noch iepen. Mar as ik in eintsje fierderop sjoch, by de Snitser Aldfeart, dan leit dêr in knappe laach snie-iis. Do kinst der eins gjin peil op lûke op it stuit."
It kin dus noch net en de redens moatte noch efkes yn it fet bliuwe. Kroes: "Al soene je op ien plak stean kinne, dan witst net hoe't it tsien meter fierderop is. Dus it is echt noch hiel ûnferstannich."
IIsmaster Sytse Kroes fan De Friesche IJsbond
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
20:21

Dronebylden fan de iisbaan Bûtenpost

Binne-Louw Katsma makke fan 'e middei dizze dronebylden op de iisbaan fan Bûtenpost: