Drachtster ûndernimmers falle tusken wâl en skip by oanfreegjen coronastipe

08 feb 2021 - 22:36

It is de nachtmerje fan eltse ûndernimmer: je stekke al je jild en enerzjy yn in nij projekt en dan slacht de krisis ta. It is it ferhaal fan ûnder oaren Ronald en Ilona Miezelmoe. Sy iepenen ferline jier febrewaris it restaurant LevelXL yn Drachten. Net lang dêrnei bruts it coronafirus út en moasten de doarren alwer ticht. It pear die in berop op it stipefûnsen fan de oerheid, mar falt oeral tusken wâl en skip. "Het kon voor ons eigenlijk niet slechter", fertelt Ronald Miezelmoe.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ronald en Ilona ferkochten foarich jier harren goedrinnende indoor-skybaan yn Veenendaal. Ilona komt út Fryslân en woe graach werom. It stel ferhûze hûnderten kilometers en stuts al it jild yn harren nije projekt: LevelXL yn Drachten, in restaurant fan sa'n 1.700 kante meter mei ûnder oare lasergame, pooltafels en escaperooms. Net lang dêrnei sloech de coronakrisis ta, wêrtroch't LevelXL de doarren alwer slute moast.

"Twee weken voor de lockdown zijn we opengegaan, op 29 februari 2020, na een verbouwing van zes à zeven maanden", fertelt Ronald. "In juni mochten we gelukkig echt open en dat liep hartstikke goed." Yn oktober kaam lykwols de twadde lockdown. "Toen mochten we alleen nog open zonder horeca. Sinds december liggen we volledig stil."

"Alles erin gestoken"

It is in gigantyske ôffaller foar de Miezelmoes. "Wij hebben alles erin gestoken." It stel frege stipe oan út de potten dy't de oerheid dêrfoar beskikber stelde, mar krigen it lid op 'e noas, om't se net oantoane koene dat se earder al in goedrinnend bedriuw mei genôch omset wiene. "De TOZO, de TVL, we komen er allemaal niet voor in aanmerking." De fêste lêsten en kosten rinne lykwols op en it wetter stiet de Miezelmoes oan de lippen.

Yn maart krigen se ien kear 4.000 euro, mar dêr rêde se it net mei. "Dat lijkt heel veel, maar dat is nog niet eens één maand huur. Wij zijn startende ondernemers, die zwemmen overal net buiten de boot", leit Ronald út. Der is wol finansjele stipe foar startende ûndernimmers, "maar ook daarin moet je gestart zijn vanaf 1 januari 2021. Wij zijn ingeschreven in 2019, dus we komen er weer net niet voor in aanmerking."

Nije tydlike baan

It pear begjint takom wike needtwongen mei nije tydlike banen. Mar sels dat is net genôch, wêrtroch't de ein al yn sicht komt foar de nagelnije saak. Ronald: "Dan is het heel erg moeilijk om alles overeind te houden. We houden de deur dicht, de elektriciteit en verwarming uit om zo laag mogelijk in de kosten te zitten en dit proberen uit te zingen."

De Miezelmoes hawwe it folsleine team fan tsientallen minsken dat se krekt oannaam hiene fuort alwer dien jaan moatten. Jildsjitters doare harren net mear te stypjen. It pear hat ek by de gemeente Smellingerlân om help frege. Dy wol ynkoarten mei de Miezelmoes yn petear, mar oft der wat útkomt kwa stipe is mar bot de fraach. "Het is moeilijk te verkroppen dat je alles erin hebt gestoken en geen hulp krijgt", beslút Ronald Miezelmoe.

Ronald en Ilona Miezelmoe

(Advertinsje)
(Advertinsje)