Wyldkamera's moatte predatoaren yn Súdwest-Fryslân yn kaart bringe

08 feb 2021 - 21:09

Undersikers fan de Rijksuniversiteit Groningen wolle dit jier mei tastimming fan de grûneigeners 120 wyldkamera's ynsette foar ûndersyk nei rôfbisten yn Súdwest-Fryslân. Dat is moandei bekend makke troch de ûndersyksgroep fan Theunis Piersma, dy't al sûnt 2004 yn dy streek - fan sa'n 11.500 bunder lân - aktyf is.

In skries siket in wiet plak op yn de Warkumerwaard - Foto: Remco de Vries

It ûndersyk rjochtet him benammen op de skries en it lânskip dêr't dizze greidefûgel yn besiket piken grut te krijen. Dat is yn Fryslân net sa ienfâldich, want noch mear as yn oare provinsjes hawwe greidefûgels hjir lêst fan rôfbisten; predatoaren.

Dat waard ferline maitiid hiel dúdlik doe't der nei in ryk mûzejier in soad predatoaren wiene, mar hast gjin mûzen. Dat dy predaasje yn de jûntiid en nacht besjoen wurdt mei wyldkamera's by nêsten is net nij, mar dizze 120 kamera's komme yn earste oanset net by nêsten te stean. Yn stee dêrfan wurdt sjoen nei in daam dêr't rôfbisten oerhinne moatte om yn in greide te kommen. De kamera's wurde ek foar en nei it briedseizoen brûkt.

Skriezenêsten

De ûndersikers wolle net allinnich sjen nei wat dy predatoaren útfrette by de nêsten, se wolle ek mear sicht krije op it hiele libben fan de rôfbisten en alles wat sy frette. Troch wat algemiener te sjen nei wannear't hokker rôfbisten har sjen litte yn in hoeke lân en troch dat jierren fol te hâlden, krije de ûndersikers in folsleiner byld fan hoefolle foksen en stienmurden der bygelyks omrinne.

De kamera's wurde ferdield oer trije ferskillende soarten lân; lân dat yntinsyf brûkt wurdt, lân dat ekstinsyf brûkt wurdt en lân dat dêr tuskenyn sit. Yn it briedseizoen ferhúzje der wol sechstich kamera's nei skriezenêsten ta.

Foto: -

De kamera's binne bedoeld foar rôfbisten dy't yn it tsjuster aktyf binne, mar by deiljocht wurdt yn it fjild mei waarnimmings sjoen nei benammen fûgels dy't wolris in skriezepyk frette. Dêr is al in begjin mei makke.

Mar de plannen foar it ûndersyk nei de skriezen binne folle breder as dat nei predaasje allinnich. Sa sil der yn gearwurking mei Wageningen University & Reseach ek foar it earst sjoen wurden nei de rol fan bestridingsmiddels.

Briedsúkses fiif kear heger

Dêrneist is der mear omtinken foar it ynsektelibben ûnder en boppe de grûn en hoe't harren libbenssyklus der krekt útsjocht. Al mei al is de ferwachting dat de ûndersiken, mear as earder it gefal wie, praktyske tips opsmite kinne foar boeren en natuerbehearders om it de skriezen nei it sin te meitsjen. It briedsukses moat fiif kear heger lizze as no om de populaasje wer groeie te litten.

Der binne no sa'n 2.000 skriezen dy't nei Súdwest-Fryslân fleane om dêr foar in nije generaasje fûgels te soargjen; 81 prosint dêrfan oerlibbet dat. De ûndersikers binne ek hiel benijd hoefolle fûgels oft bûten it briedseizoen deagean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)