Omtzigt (CDA) op Noordelijk Lijsttrekkersdebat: "Partijen moeten niet te veel beloven"

08 feb 2021 - 20:50

Politike partijen moatte by de oansteande Twadde Keamerferkiezings, middenyn in coronapandemy, foaral net tefolle belove. Dat sei Pieter Omtzigt (CDA) op it Noordelijk Lijsttrekkersdebat fan de gearwurkjende noardelike provinsjes en de NDC mediagroep yn Den Haag. "Ik zie veel politieke partijen die niets liever doen dan zo veel mogelijk beloven, terwijl we in de diepste economische crisis zitten."

Foto: ANP

Oan it debat diene njonken de listlûkers Geert Wilders (PVV), Lilianne Ploumen (PvdA), Gert-Jan Seegers (ChristenUnie), Jesse Klaver (GroenLinks) en Lilian Marijnissen (SP) ek de kandidaten Pieter Omtzigt (CDA), Sophie Hermans (VVD) en Rob Jetten (D66) mei as ferfangers fan de ministers Wopke Hoekstra, Mark Rutte en Sigrid Kaag.

Neffens Omtzigt giet it de kommende jierren foaral om ekonomysk herstel en behâld fan wurk. Hy gie dêrom dan ek net yn op de útdaging fan GroenLinks-lieder Jesse Klaver om in ein te meitsjen oan de gasboarrings by Ternaard. "Als ik naar buiten kijk, kunnen we nog wel wat gas gebruiken. Als je voorzichtig scheef boort en dat goed in de gaten houdt, dan moet dat kunnen."

Klaver stiet dêr folle prinsipiëler yn. "Wij vragen al sinds 2015 om het einde aan de gasboringen, dat heeft niets met de verkiezingen te maken. Wij kunnen heel goed zonder het Waddengas."

Omtzigt, Klaver en Ploumen oer boarje nei gas ûnder it Waad

Lelyline

De acht grutste politike partijen binne yn prinsipe allegear foar oanlis fan de Lelyline, de flugge spoarline dy't Lelystêd fia It Hearrenfean en Drachten ferbynt mei Grins, mar hiel entûsjast waard der noch net reagearre op de plannen.

Fan Jetten mei de oanlis fan de Lelyline heve, want hy nûge de oare partijen út om mei te dwaan oan in 'pact voor de Lelylijn'. "Zo'n Lelylijn brengt een andere beweging in Noord-Nederland op gang. Je kan daar woningbouw realiseren en je brengt een stad als Groningen een stuk dichterbij Amsterdam en Hamburg."

"Mensen hebben meer aan daden dan beloftes"

Marijnisse (SP) is sels foar de Lelyline, mar tagelyk is se ek skeptysk. "Als die lijn elke keer was aangelegd als die werd beloofd had Groningen nu een rechtstreekse treinverbinding met heel Europa. Ik denk dat mensen nu meer hebben aan daden dan aan weer mooie beloftes."

Seegers (ChristenUnie) begrypt de skepsis fan de SP. "Als je de formules van Rijkswaterstaat voor infrastructuur bekijkt komt het Noorden er altijd slecht uit. Kijk maar naar de sluis bij Kornwerderzand en hoe hard we daar aan moesten trekken." Seegers die de 'hurde belofte' dat in nije kabinet wat him oanbelanget wurk makket fan de Lelyline.

"Hele ov in Noorden moet beter"

Ploumen (PvdA) fynt dat der njonken de Lelyline ek gau in Nedersaksenline komme moat, dy't Grins fia Stadskanaal en Emmen ferbynt mei Twente. "Het hele ov in het Noorden moet beter." Klaver (GrienLinks) sjocht ek risiko's oan de oanlis fan de Lelyline. "De Lelylijn zal voor een enorme druk op de woningmarkt zorgen. We moeten daar alleen toe overgaan als er voldoende woningen beschikbaar zijn én de huren worden verlaagd."

Lânbou

Ek oer lânbou waarden de acht listlûkers it net iens. Jetten (D66) en Klaver (GrienLinks) werhellen dat se de helte minder fee wolle en dat alle boeren 'natuerynklusyf' buorkje moatte. Omtzigt fersmiet it argumint dat de boeren neat oan it miljeu dien hawwe. "De boeren geven ons elke dag te eten. Het verwijt dat de boeren niks gedaan hebben is te goedkoop."

Wilders (PVV) die der noch in skepke boppe-op. "Wat Jetten de boeren biedt, is een faillissement. Alle boeren die de veestapel moeten halveren zijn de klos." Ploumen (PvdA) fynt dat we 'net te romantysk' dwaan moatte oer de lânbou anno 2021. "Boeren willen megastallen uitbreiden. Er zijn boeren waarvan we moeten zeggen: dit kan zo niet langer."

Onno Falkena oer it listlûkersdebat

(Advertinsje)
(Advertinsje)