Piet Paulusma jout antwurd op alle harkersfragen oer it waar

08 feb 2021 - 20:07

Kening winter hearsket yn Fryslân! Dat moatte gouden tiden wêze foar de waarman dy't altyd sein hat dat it noch winterje koe yn Nederlân: Piet Paulusma. Wy sitte fol fragen oer dizze hiele winterperioade en dêrom wie Piet yn ús radioprogramma Weistra op Wei in oere lang te gast om alle fragen te beäntwurdzjen. Lês de antwurden hjirûnder.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Hoe is it mei dy, Piet? Smoardrokke dagen foar dy tink? Wat komt der allgear op dy ôf?

"Jawis, in hiel soad media: in hiel soad radio- en telefyzjestasjons. It heart der ek by."

Snein kaam de wyn út it noardeasten, mar de sniebui gie nei it easten. Hoe kin dat?

"Dat komt troch de lizzing fan de depresje. It delslachgebiet kaam út it suden wei omheech en gie dan mei dy depresje mei nei it easten. We hiene in eastlike wyn. Dat binne twa ferskillende streamings."

De gefoelstemperatuer leit flink leger as de luchttemperatuer. Hoe wurdt de gefoelstemperatuer metten?

"As de wyn oer dyn fel giet, fielst dat it ôfkuollet. De gefoelstemperatuer wurdt berekkene út in kombinaasje fan de luchttemperatuer en de gemiddelde wynsnelheid. Dêr binne tabellen foar. Ik brûk dy fan it KNMI."

Hawwe waarmannen ûnderling kontakt foar't se nei bûten ta komme mei foarsizzings?

"Nee, ik ha eins nea kontakt mei kollega's út it westen en it midden fan it lân. Ik meitsje myn eigen waarferwachtings. De iene kear bin ik dêr wat foarsichtiger mei, de oare kear minder. Ik meitsje foaral gebrûk fan de Dútske modellen. Ik sjoch altyd noch nei de waarkaarten en nei de loft. Ik brûk myn eigen ûnderfining om in waarferwachting del te setten."

Do wiest begjin dit jier de earste dy't dit waar foarsei, dochs?

"Ik hie al sein dat der winter komme soe. Febrewaris soe de kâldste moanne wurde en we soene op it iis komme. Ik ha al jierren sein dat we noch in Alvestêdetocht krije kinne kwa iisdikte, om't der ek yn tiden fan ierdopwaarming noch ekstremen foarkomme."

Hokker ynfloed hat de snie op it iis?

"As snie befriest, krijst snie-iis en dat is net de bêste kwaliteit iis. It is sterk en kinst derop ride as it echt dik winter is. Mar as it mar efkes teit, wurdt it sêft. As der snie falt op in tin laachje iis, kinst it der net ôfhelje en sjochst net hoefolle iis derûnder leit. De measte snie is no raand yn it wetter. We moatte ús no rjochtsje op gebieten dêr't it noch aardich iepen leit. As der snie op it iis leit, duorret it langer foar't it iis wer oangroeit. As je in Alvestêdetocht hawwe wolle, is der fjirtjin dagen matige oant strange froast nedich."

En as we no sân dagen hiele strange froast krije, is dat genôch?

"Dat witte je pas as it safier is, mar fiif dagen is oer it algemien net genôch. It moat dan oerdeis ek flink frieze. IIsgroei is net allinnich in kwestje fan minimumtemperatuer, it is in proses fan 24 oeren. Der is ek wolris strielingsfroast fan -20, mar dan leit der net in soad iis. Dy strielingsfroast rint op, dan hast net de hiele nacht -20. Ast echt kjeld út Sibearië en Ruslân wei hast, giet it folle hurder, want dan hast folle langer lege temperatueren."

Eartiids stie de barometerstân yn de krante. Wêr kin ik dy no sjen?

"Dy kinst hiel maklik sjen op de webside fan it KNMI. Dêr stean de barometerstannen fan alle plakken yn Nederlân."

Piet Paulusma beäntwurdet harkersfragen

De ferliking waard makke mei de horrorwinter fan 1979. De snie wie no úteinlik net sa slim as doe, mar lykje de kaarten wol op elkoar?

"Ja wol wat. Der wie doe ek in depresje, mar dy hie krekt in oare koers. De kjeld kaam der doe ek ynienen yn, folle rapper. En se hiene doe langer stoarmich waar. It ferskil mei no is dat it fan tefoaren net izele hie en der is no folle minder snie as doe."

Wurdt dyn advys frege foar de waarkoades fan it KNMI?

"Ja, foar koade oranje freget it KNMI in oantal lanlike bedriuwen om advys. Koade giel kin it KNMI sels útjaan. Mar koade giel is neat oars as in warskôging. Oranje komt minder faak foar. Wy moatte dan oanjaan hoe grut gebiet koade oranje berikke sil. In kommisje sjocht nei alle advizen en nimt in beslút oer oft it oranje wurdt of net. Sy kinne ek in beslút nimme foar read. By read moatte je thúsbliuwe."

Hoe bot hat fleanferkear ynfloed op klimaatferoaring?

"Alles wat we dogge op dizze wrâld wat net natuerlik is, hat ynfloed op de opwaarming fan de ierde. Mar we sitte op it stuit ek yn in perioade mei natuerlike opwaarming, want oars soene we no noch yn de iistiid sitte."

Tonger en snie, komt dat tagelyk foar?

"Dat kin. Der binne siswizen út de folkswaarkunde dy't sizze dat it net kin, mar dat giet net altyd op. Minsken seagen dat in oantal kear barren en lutsen in konklúzje. Sa no en dan komt it út en sa no en dan net."

Komt der dizze wike noch in sniefront?

"It seewetter is relatyf waarm, de boppeloft tige kâld. Dan ûntstiet der faak in steurinkje boppe Denemarken. Dat komt dan mei de eastewyn ús kant op. Dat kin in kustfront wêze. Dat wol sizze dat der op de grins fan lân en see buien ûntstean. De measte snie falt dan yn it Waadgebiet."

Wêr yn Nederlân fynst it moaiste natueriis?

"Dat is by ús yn Fryslân, om't wy hjir minder snie hân hawwe as yn de rest fan it lân. Mar dat sis ik allinnich op basis fan snie. Dêr moatte de oanbelangjende organisaasjes in beslút oer nimme."

En fansels de Fraach der Fragen: wannear krije we in Alvestêdetocht?

"Dat duorret noch wol efkes. Der leit noch wetter, dus moatte we de Alvestêdetocht roeie, sile of swimme? Ik bin dêr foarsichtich yn. As ik senuweftich wurd, is it serieus. Mar dat is net sa, want dan moat der earst iis lizze."

Piet Paulusma beäntwurdet mear harkersfragen

Piet syn waarberjocht

Trefwurden: 
Piet Paulusma iis snie winter
(Advertinsje)
(Advertinsje)