Marcel van Roosmalen: "Ik vind de Elfstedentocht verschrikkelijk"

08 feb 2021 - 19:15

Sportklup Hearrenfean spile sneontejûn tsjin Vitesse. Foar ús reden om mei Vitesse-supporter Marcel van Roosmalen te beljen. We prate mei him oer dy wedstriid, oer wat hy mei Hearrenfean en Cambuur hat en oer de Alvestêdetocht. We ha ek kontakt mei Michel Vlap. De Snitser is krekt ferhierd fan Anderlecht nei Arminia Bielefeld yn Dútslân.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen. Fynst der ek de podcastôfleveringen oer bygelyks it reedriden. Harkje hjir nei de Sportcast oer it WK reedriden, dat tongersdei begjint.

We belje mei Marcel van Roosmalen oer Hearrenfean-Vitesse, mar we kinne fansels net om de Alvestêdetocht hinne. Hiel Hollân stiet op syn kop. Komt der in Alvestêdetocht of net? Hoe dan ek, Van Roosmalen is gjin fan fan de Tocht.

"Nee, absoluut niet. Ik wil het gewoon niet. Ik vind het verschrikkelijk. Gisteravond was er een uitzending. Ik trek dat niet. Daar lag gewoon nog water. Geen ijs. En dan Erben Wennemars." Roelof de Vries: "Wennemars doet alsof ie de ambassadeur is van het marathonschaatsen, van de Elfstedentocht en van elke schaatser die leeft. Niet doen." Van Roosmalen: "Helemaal mee eens. Niet doen."

"Heerenveen is ook niet goed hoor"

Hearrenfean wûn sneon fan Vitesse mei 1-0. En dat wylst Vitesse op wei like nei in kampioenskip. Van Roosmalen: "Wij geloofden daar echt in. Maar sinds we verloren hebben van VVV is het vertrouwen weg. Ik heb zaterdag ook nauwelijks gekeken. Heerenveen is ook niet goed hoor. Dat wil ik nog wel even gezegd hebben."

Van Roosmalen is wier gjin fan fan Hearrenfean. "Het Fries Volkslied? Verschrikkelijk. Bedenk gewoon een clublied. Het is toch geen land? Ik heb daar dan toch een beetje een eng nationalistisch idee bij. En in Leeuwarden zijn ze dan anti-Fries of zo. Maar Leeuwarden ligt toch middenin Friesland? Ik vind Heerenveen een gemaakte club. Een soort Hoffenheim."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje we ek oare ûnderwerpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)