IIsmaster: soad wurk noch te fersetten om goed iis te krijen

De tastân fan it iis is op dit stuit net bêst. In soad plakken lizze noch iepen fanwege de hurde wyn. Boppedat binne der in hiel soad stikken dêr't no al snie-iis leit. Neffens iismaster Sytse Kroes fan De Friesche IJsbond is der hiel wat wurk te fersetten om it iis goed berydber te krijen as it friezen bliuwt.
Yn Fryslân Hjoed in petear mei Jorrit Bergsma, Sytse Kroes en Piet Paulusma.
-
Dochs begjint de koarts yn Fryslân behoarlik op te rinnen. Maratonriders dogge in needgjalp, de polityk bemuoit him der al mei en de foarútsichten binne kjeld, en nochris kjeld. Al is Piet Paulusma noch net wis oft it op langere termyn stân hâldt mei de kjeld.
Allinnich foar in NK maraton stap ik út de bubbel.
Jorrit Bergsma oer mooglik natueriis
Maratonriders wolle sa gau as it kin in wedstriid hawwe, mar der binne ek guon dy't dan foar in dilemma komme. Jorrit Bergsma bygelyks. Hy stiet oan de foarjûn fan it WK ôfstannen en sit yn de saneamde 'ridersbubbel'. "Allinnich foar in NK maraton stap ik út de bubbel", seit er út syn hotelkeamer wei.
Bergsma hopet derop dat ás der riden wurde kin op natueriis, dat nei it wykein wêze sil. Mar Willem Hut fan de KNSB warskôget de Boarnster, dat as it yn it wykein kin it dan barre sil. "Ik winskje Jorrit en Arjan Stroetinga in soad sukses mei it beslút."