Premier Rutte sjocht dochs noch mooglikheden foar maratonriders

08 feb 2021 - 18:31

Premier Mark Rutte is weromkaam op syn útspraak fan freed dat der gjin útsûndering makke wurdt foar reedrydwedstriden op natueriis, mocht de kommende froastperioade dêr lang genôch foar oanhâlde. Rutte ferklearret dat der oerlis is tusken minister Grapperhaus en Van Ark, it reedrydbûn KNSB en de feilichheidsregio's oft it dochs mooglik is foar in beheinde groep topmaratonriders ien of mear wedstriden te organisearjen.

Foto: Shutterstock

It maratonriden is earder net oanmurken as topsport, wêrtroch't der salang't de coronamaatregels jilde gjin wedstriden hâlden wurde kinne. "We kunnen wellicht leren van het Thialf-regime", sei Rutte, wizend op de langebaanwedstriden fan ôfrûne wiken dy't in saneamde bubbel hâlden waarden. "Schaatsers en begeleiders zullen dan wat moeten opgeven wat hun vrijheid betreft, maar ik denk dat ze dat er wel voor overhebben", seit de premier.

Iepen brief oan KNSB

Ofrûne wykein ûntstie der benammen op sosjale media in lobby om de kâns op wedstriden op natueriis net passearje te litten. It lêste NK op natueriis wie yn 2013 en sjoen de waarfoarsizzings soe in nije edysje miskien mooglik wêze. Ek de maratonploegen melden har mei in oprop oan de KNSB om de mooglikheden te ûndersykjen.

Yn petear

It bûn sei yn petear te gean mei de belutsenen en krige moandei fan Rutte de befêstiging dat ek út Den Haag wei meitocht wurdt. "Grote tochten en wedstrijden organiseren gaat niet", begûn Rutte, om dêrnei de hoop by de maratonriders wer opflamjen te litten.

"We moeten kijken of de manier waarop bij Thialf met een klein aantal topschaatsers is omgegaan ook toe te passen is bij de marathonschaatsers, wanneer zij op natuurijs uit de voeten kunnen. De betrokken partijen gaan kijken wat er kan en ik hoop u daarover de komende dagen te kunnen bijpraten."

Prate oer in Alvestêdetocht fûn Rutte noch te betiid. "Los nog van de weersvoorspellingen, want er zou nog heel veel weken vorst nodig zijn. En er is natuurlijk de vereniging De Friesche Elf Steden, die een wedstrijd voor alleen wedstrijdrijders niet vindt zoals het hoort. En wat natuurlijk niet kan is publiek bij wedstrijden."

Trefwurden: 
reedriden reedride natueriis
(Advertinsje)
(Advertinsje)