Trije Friezen yn efterfolgingsploegen op WK ôfstannen

08 feb 2021 - 15:27

Reedriders Antoinette de Jong, Ireen Wüst en Sven Kramer ferdigenje de kleuren op de WK ôfstannen by de ploege-efterfolging. Sy ha in plakje krigen yn de seleksje. It WK ôfstannen begjint tongersdei yn Thialf.

Foto: Orange Pictures

De Jong en Wüst ride de ploege-efterfolging mei Irene Schouten. Yn deselde opstelling rieden se ek de twadde wrâldbekerwedstriid. Doe einigen se as twadde, efter Kanada.

By de manlju rydt Sven Kramer mei Patrick Roest en Marcel Bosker. De tolve kear dat it WK ferriden is, is de Nederlânske ploech alle kearen kampioen wurden.

Massastart

De ploegen fan de massastart binne no ek definityf. By de manlju steane de Friezen Jorrit Bergsma en Arjan Stroetinga oan de start. By de froulju binne it Marijke Groenewoud út Hallum en Irene Schouten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)